Weppers moandei 27-5-2019

Ynleverje SDS-materialen

Tiisdeitejûn kinne alle SDS-materialen ynlevere wurde by it ballenhok fanôf 19.00 oere. Klaas de Haan sil it spul yn ûntfangst nimme. Dêrnei is der yn de kantine in evaluaasje fan it seizoen mei alle jeugdtrainers en -leiders fan SDS.

Fjilden ticht

Dizze wike sil der allinnich op tiisdeitejûn noch traind wurde yn Easterein troch vv Scharnegoutum en dan gean de fjilden ticht en kin der net mear op fuotballe wurde. Sneon 10 augustus begjint SDS 1 wer te trainen en sille de fjilden wer iepen gean.

Slotdei jeugd

Foto’s fan de slotdei fan de jeugd ôfrûne freed kinne jim hjir sjen.

Lars van Dalfsen en Timen de Boer dy ’t de penaltybokaals wûnen.

Frouljusfuotbaltoernoai

Sneon hiene wij it eerste damesvoetbaltoernooi! In mix fan alle dames en famkes fan SDS. Mei 31 dames gongen we los. Eerst lekker voetballen en dernei bbq’en op de slotdei fan SDS.


De winnaars fan it toernooi: Hester, Richtsje, Judith, Larissa, Marjo, Elisabeth en Lize.

Der wiene ek noch oare priizen te winnen:
– Judith en Seriette wûn de topscoorderspriis
– Akke Rixt het de priis foar mispoes wûn
– en Geartsje wie it charmanste geheel!

Slotjûn SDS

It wie sneon wer alderaardichst yn en om de kantine mei de SDS-barbecue en muzyk fan Sjouke van Kammen. Der waarden ek noch wat lju yn it sintsje setten. De foto’s komme letter dizze wike op de webside.

Neikompetysje

Gjin inkel team fan SDS hat lêst/genot fan de neikompetysje. Foar teams yn de regio leit dat oars. Jim kinne hjir it folsleine skema sjen fan it sneonsfuotbal. Krekt as ferline jier wurde alle rondes yn ien wedstriid beslist.

Tankwurden

Harsens derby (2135)

Knappe goal!