It SDS-FIFA 2023-toernoai foar de jeugd oant en mei de JO13 sit fol!

SDS 1 – Makkum 1 yn byld
26 maart 2023
Weppers moandei 27-3-2023
27 maart 2023

Kommende freed 31 maart is der in FIFA 2023 toernoai op de Playstation yn de kantine.

Fanôf 17.00 oere is dit foar de SDS-jeugd fan de mini-league oant en mei de spilers fan de JO13.

Der binne alderaardichste prizen te winnen en de beste spiler oant en mei de JO-11 spilet foar SDS mei op it FIFA toernoai op 7 april tidens de sponsorrindei bij SC Hearrefean!!

It toernoai sit ynmiddels fol.

Foar it FIFA-toernoai kinne wy efentueel noch wol wat Playstations brûke en wat controllers en spultsjes FIFA 23.
Lit Pieter (06 17 92 61 18) of Dirk (06 12 90 21 00) efkes witte as jim hjir wat yn betsjutte kinne.

Wy binne der tige wiis mei dat WD-SAT út Wommels de byldskermen stipet.

De jeugdkommisje