Weppers moandei 25-4-2022

SDS 1 – SWZ 1 yn byld
24 april 2022
Theo Postma folgend seizoen lieder fan SDS 1.
26 april 2022

Remco in dreamtransfer?

Remco Hylkema wie der sneon net bij SDS 1.
Al gau gyngen der geruchten.
Hij soe nei Ingelân wêze.
De geruchten waarden hieltyd steviger want it ferhaal wie at hij mei syn trije saakwaarnimmers yn Ingelân wie.
It wie yndie opfallend dat Wouter H, Friso A, en Menno de V.  dit wykein net sinjalearre binne bij SDS.
Wij fernamen dat syn oergong nei Oldham Athletic, de earst fuotbalklup dy’t ea yn de Premier League spile, net trochgie fanwege de degradaazje  út de Football League. Dan kin hij like goed bij SDS bliuwe


De mannen út Easterein en Wommels koene sa moai it supportersprotest meimeitsje. Wol spitich dat de wedstriid efter sletten stekken spile waard.

In poging om him dan mar bij Burnley ûnder te bringen, omdat Weghorst minder skoart as Remco,  mislearre ek.

Wij tinke dat Remco sneon gewoan yn de polder tsjin Tonego fuotballet. Ek goed, wat ús oangiet

Skorst

De mailboks fan de foarsitter en de wedstriidsekretaris fan SDS rûn sneontemiddei oer. Sawol Pieter Sijtsma, Matthijs Postma, Erik Haitsma as Luuk van der Schaar rûnen sneon kaarten op wêrtroch sy tsjin in skorsing oprinne en binne der kommende sneon mei SDS 1 út tsjin Tonego alle 4 net by.

Blesseard

Keeper Mark Klijnsma is blesseard oan syn knibbel. De ferhalen oer hoe ’t dit no eksakt sa kommen is rinne wat útein. It minst oannimmelijk is dat Mark Klijnsma troch Jan ûnderút helle is………… Hertog Jan.

SDS-League

Wy hoopje tongersdei mei de nijste stân fan de SDS-League te kommen. Mochten wy it earder oan tiid hawwe dan sjogge jim it wol.

Supporters yn byld

It wie sneon lekker drok bij SDS 1- SWZ 1. Supporters yn de lijte, út de wyn, yn de sinne, op kisjes, op de banken en yn de stekken.

Harsens derby (2370)

Ho!