Weppers moandei 25-10-2021

Goeie pasfoto op spilerspas
25 oktober 2021
SDS-League: ‘FC Op nei de top’ pakt de wykpriis!
26 oktober 2021

Buswedstriid

Nei de winst fan ôfrûne sneon mei SDS 2 as koprinner kommende sneon nei Grins mei de bus. Sy meie dêr om 14.30 oere balje tsjin Knickerbockers 6. De ploech fan û.o. âld-SDS’er Wytse Fopma. De kosten foar de bus binne €10,- p.p. Der kinne 45 man/frou mei. De bus sil in oer as 12.15 oere fuortgean en de bus fertrekt om 19.00 oere wer nei Easterein. Wa ’t ek mei wol yn de bus kin dit oanjaan by Willem Wijnia of by ien fan SDS 2.

Sneon foar €10,- nei sc Heerenveen – Vitesse

Kommende sneon kinne je foar €10,- al by sc Heerenveen – Vitesse oanwêzich wêze. Je kinne hjir kaarten bestelle. Fan de €10,- giet ek nochris €2,- nei SDS. Net stinne, mar hinne soenen wy wol sizze.

Clarence-Sluiertrofee

Habtamu de Hoop skeat foar SDS 3 sneon by NOK in penalty meters oer. It ferhaal giet dat sy hjoed noch dwaande binne om de bal yn de bosken rûn Aldemarrum te sykjen. Dit fertsjinnet in ‘Clarence-Sluier- foto’ op de SDS-side as ‘Habtamu Harley’.

Lokwinske!

Mark Postma is hjoed jierdei. Fan herte lokwinske!

Op nei de 40!

SDS-League

De nijste stân fan de SDS-League kinne jim moarn hjir op de webside fine.