Porgramma dizze wike
Tiisdei | ||
25-8-2009 | 19:00 | SDS B1 – Mulier B1 |
Tongersdei | ||
27-8-2009 | 19:00 | SDS D1 – Frisia D1 |
Sneon | ||
29-8-2009 | 14:30 | SDS 2 (zat) – Dokkum 2 |
29-8-2009 | 9:00 | SDS D1 – Franeker SC D1 |
29-8-2009 | 9:00 | SDS E1 – Oeverzwaluwen E1 |
Sneon | ||
29-8-2009 | 14:30 | Holwerd 1 – SDS 1 (zat) |
29-8-2009 | 10:15 | Makkum C1 – SDS C1 |
29-8-2009 | 10:00 | Workum F1 – SDS F1 |
Workum E1 – SDS E1
SDS 1 giet fierljeppen
Oankommende woansdeitejûn sil de A-seleksje rjochting It Heidenskip om dêr mei de wolbekende Galama’s (IJsbrand en Oane) te fierljeppen.
Fertrek is om 18.30 oere fanút Wommels/Easterein.
Wij binne benijd at it ljeppen wurdt of fierljeppen!
SDS 1 noch yn de rees
SDS 1 moat sneon tsjin Holwert de lêste wedstriid spylje foar de beker. Omdat CSL sneon mei 6-0 wûn fan dy klup hat SDS heechstwierskynlik ek in flinke útslach nedich om troch te gean. Tenzij AVC gelyk spilet of wint fan CSL.
Ferslach SDS 1
Siem Sikma hat wer in kreas ferslach makke fan de wedstryd fan ôfrûne sneon tusken AVC 1 en SDS 1 (klik hjir).
Moai sjurt
Marco Hoekstra (in echte Feyenoord fan) rint de lêste wiken meast yn it nije Feyenoord -út sjurt. Yn in sjurt fan in klup rinne dat dogge je net samar, dan binne je echt fen. Opfallend is it dan ek dat de yn it algemien bekend steande Ajax-fen Eddy de Boer ek al yn sa’n sjurt sjoen is. It docht bliken dat hij sneintemiddei gelyk nei it gelykspul fan Ajax en nei de rynske oerwinning fan Feyenoord op Roda, wêrtroch Feyenoord boppeoan stiet, kontakt opnommen hat mei Marco om it sjurt te passen.
Kommentaar fan Eddy: Dit is gjin fleach fan ferstânsferbjustering.
Foto’s en filmkes
Jaring Rispens wie in oantal jierren haadsponser fan dizze side. Wij seagen wer ris in kear op syn side en sjogge no foaral foto’s en filmkes fan ûngelokken, bliksemynslaggen en (skuorre) brannen.