Evenementen in december 2022

Yndieling E en F teams
22 augustus 2009
Weppers moandei 24-8
23 augustus 2009

Oefenjen fiet net troch
De oefenwedstryd fan SDS 1 tsjin ONT 1 tiisdeitejûn giet net troch. ONT hat ôfbelle. Der is no gewoan trainen op de gewoane tiid op hast al it gewoane plak (Wommels)

SDS 1 wint mar krekt
SDS 1 hat justermiddei mei 4-3 wûn fan tredde klasser AVC. Mei in 3-0 en
in 4-1 foarsprong like der neat oan de hân. At dat echt sa is kinne jim letter fêst wol lêze yn it ferslach fan Siem Sikma, want wij seagen him skriuwen. Harm Stremler (2) Jacob van Wieren en in eigen doelpunt soargen foar de 4.

SDS 2 – Leeuwarder Zwaluwen 3
Dizze wedstryd begûn om 17.00 oere. Wij seagen Wichard as lêste man en wij wij seagen Mark en Hjalmar skoaren. Mar wij tinke dat der wol in ferslach komt fan immen dy’t folle mear sjoen hat.

SDS 5 – AVC 4
Bij de 4 fan AVC kin in fraachteken set wurde. Yn alle gefallen moast SDS 5 der alles oan dwaan om it tempo bij te hâlden. Nei de 0-2 foel de 1-2 as in ferrassing. Durk Okkema skeat prachtich yn. It wie mei namme oan Harm Jan Kamstra te tankjen dat de skoare net mear oprûn wie. Nei it skoaft krige Christiaan de kâns om 2-2 te meitsjen (hij rekke de peal) en yn de tsjinoanfal waard it 1-3. It waard ek noch 1-4. SDS 5 giet yn alle gefallen net troch yn de beker.

Harm Jan Kamstra
Hij hie in drokke keepersdei. Om 12.30 mei SDS 5 tsjin AVC 2,3,4, en om 17.00 oere mei SDS 2 tsjin Leeuwarder Zwaluwen 3.
En bij SDS 5 fielde it hiel fertroud hawwe wij begrepen. Dat sil wol komme omdat se wol in Kamstra op it doel wend binne.

Da1
Wij hawwe begrepen dat de Da1 no ek twa lieders fûn hawwe. De lange syktocht fan Anke van Asselt kaam út bij Bram van Beem en Tsjeard Hofstra. Sij sille yn alle gefallen de kommende wedstriden as lieders optrede.

Herstelle
Om better te herstellen nei in wedstryd wurde der meast in soad enersjy drankjes dronken. Der is wat betters om goed te herstellen, sa hat men
ûndersocht 

Letter mear