Weppers moandei 24-8-2020

Oerlêst op it sportkompleks
24 augustus 2020
Utslaggen oefenwedstriden
25 augustus 2020

Oefene

JO15-1 had vandaag een oefenpot in en tegen hoofdklasser Bolsward JO15-1 die duidelijk 2 maatjes te groot waren en ons met 11-0 naar huis stuurden. Met het overgrote deel 1e jaars kwamen we vooral fysiek veel tekort. Wel mooi om een oefenpot te hebben zodat we met 16 man kunnen puzzelen voor de sterkste opstelling en wat aan elkaar kunnen wennen.
Gr. Minne

De Heerma’s lieders fan SDS 3

Foar SDS 3 binne der nije lieders fûn. Johan en Inne Heerma sille dit op harren nimme. En dat is bliksemdgoed nijs fansels!

Oefenje

SDS 1 oefent moarntejûn yn Ryptsjerk tsjin Rijperkerk 1, in ploech út de tredde klasse B fan it sneonsfuotbal.

Oefenje

SDS 2 oefent moarntejûn om 20.15 oere thús tsjin Scharnegoutum 2.

Oefenje

SDS vr.1 sil woansdeitejûn út oefenje tsjin Balk Vr.1.

Kompetysjeprogramma’s

De kompetysjeprogramma’s binne ek bekend makke troch de KNVB. Jim kinne se fine op Voetbal.nl. SDS 1 begjint op sneon 19 septimber de kompetysje mei in thúswedstriid tsjin de koprinner fan it ôfrûne seizoen; Workum 1.

Frij

De eardere trainer fan SDS 2, Okke van der Kamp, koe snein syn earste oerwinning melde mei syn nije klup Sint Anna 2. Foarearst moat hij it dêr mei dwaan, want sjoch hjir.

Coronakollum

By Zeerobben gienen sy sneon ek wer foar it earst los. Sy ferwurdsje dêr goed hoe ’t it de earste sneon befallen is. Jim kinne it hjir lêze. It komt aardich oerien mei de erfaring dy ’t wy sneon hienen by de earste oefenwedstriden op de Skoalleseize.

Lokwinske!

De Waku’s binne hjoed jierdei! Wy lokwinskje Jeroen en Ronny Wagenaar fan SDS 5 mei dizze heuglijke dei!

Harsens derby (2246)

Je hawwe fan dy daghen dat de bal der net yn wol……