Weppers moandei 23-10

Sneon 21-10-2017
20 oktober 2017
Meinte-Sixmatoernoai op tongersdei 26 oktober
23 oktober 2017

Nei?

De sleutel fan it hokje wêr ’t de ljochtmasten betsjinne wurde moatte fan it efterste trainingsfjild is fuort sûnt moandeitejûn. Soe degene dy ’t de sleutel noch yn de bûse hast him sa gau as mooglik werom hingje wolle?

Nei Amelân

Dennis Vinke wie dit wykein mei de mannen fan SDS JO10-1 op Amelân. Spitich genôch gie de wedstryd ferlern, mar de wille wie der net minder om.

Nei Volendam

Foar SDS 3 wie it in ynhel-bekerwykein, dus dan kinne je der wol efkes op út. Robert, Gert-Jan en Harm-Auke gienen mei frou en bern nei Volendam. Wy sjogge út nei de rest fan de foto’s 😉

Nei Kroatië

De helte fan de wepmasters wie ferline wike yn Kroatië. Hy wit no wol wa ’t de meast populêre spilers yn Koratië binne.

foto van Aant Hofstra.

Nei Liverpool?

Der binne wol gauris wat SDS’ers dy ’t efkes by Liverpool sjogge, mar as sy der no wer hinne geane soe trainer Jürgen Klopp der dan noch wol sitte? Dit wykein ferlear Liverpool mei 4-1 fan Tottenham Hotspur en stiet Liverpool ynmiddels 9e. It fuotbal is ûnder Klopp seker atraktiever wurden, mar sy binne op it heden wol hiel makkelijk te kloppen……………. 😉

Harsens derby (1937)

Nea te gau juiche……