Weppers moandei 21-2-2022

Doch mei oan de skiedsrjochterskursus
20 februari 2022
SDS-League: FC Hallema pakt de wykpriis!
23 februari 2022

SDS-75 jier-logo


Om ’t SDS 10 augustus 75 jier bestiet brûke wy dit jier us ‘SDS-75-jier-logo’ makke troch ús stiper Opvallend Reclame. Is it net in pronkje?

Skiedsrjochterskursus

Wy hawwe by SDS wol ferlet fan wat skiedsrjochters en soenen dan ek graach sjen as guon lju de skiedsrjochterskursus dogge. Liket it dy ek wat sjoch dan hjir. It giet om 4 jûnskoften.

SDS’ers derop út


Elts jier geane de bruorren Samme en Syb Overal der wol efkes op út mei harren heit Klaas. Troch de stoarm fan ôfrûne freed koenen sy pas sneon mei it fleantúch, mar is de reis al slagge. Sy gienen nei Valencia en pikten dêr de wedstriid VAlencia – Barcelona ek noch efkes mei. It waard 1-4 mei û.o. in goal fan Frenkie de Jong en 2 ôfkeurde goals fan Valencia.

SDS 1 yn LC

Draaiend Rad

Kommende sneon hawwe wy foar it earst yn tiden wer in thúswedstriid fan SDS 1 wêr ’t publyk by mei. Nei de tiid komt DJ Baggel in stikje muzyk draaien en wurdt der ek wer ris oan it Draaiend Rad draaid. No al nocht yn!

SDS-League

Yn de rin fan de wike kinne jim hjir op de webside wer de nijste stân fan de SDS-League ferwachtsje.

Harsens derby (2351)

‘3 tikkies werom, Jaap’!