SDS-League: FC Hallema pakt de wykpriis!

Weppers moandei 21-2-2022
21 februari 2022
Sneon 14.00 oere startskot SDS 75 jier!
23 februari 2022

It is dizze wike ‘FC Hallema’ fan Arjan Hallema dy’t de wykpriis pakt. Hy lit de konkurrinsje fier efter him. FC Hallema hie 46 punten en ‘Hoekie Boys’fan Marc Hoekstra 41 en de rest kaam hjir net oan ta.


Feest by FC Hallema

‘Happy Feet’ fan Emke en Habtamu de Hoop stiet noch altiten boppe-oan. ‘Op nei de Top’ fan Marten Faber krûpt omheech nei it 2e plak en stiet op 6 punten ôfstân. ‘Toastje Kip-Kerrie’ fan Hendrik Engbrenghof is dwaande mei in ’trajekt’ en stiet no al 3e. Wy binne benijd wêr as dit eindigje sil.

‘FC Op ‘e Gok’ fan Haije-Jan de Boer en Piter van der Pol hie in minne wike mei mar 14 punten. Of soenen se gokke op de poedelpriis? Sy steane no yn elts gefal lêstmei 5 punten minder as ‘Bergosso’ fan Jan-Friso Bruinsma. Dy komt fan it lêste plak, dus it is no wer mear ‘Bergopso’.

 

SDS League 2021-2022 stand twadde helte wike 3