Weppers moandei 21-1

Weppers snein 20-1
19 januari 2013
Koppie …koppie 5
20 januari 2013

SDS 1, 2 en 3 gjin trainen
It trainen fan SDS 1, 2 en 3 jûn yn Snits giet net troch(sjoch hjir).

SDS 1 nei Ljouwert
De A-selectie traint vanavond om 19.15 uur in Leeuwarden bij Feiko.
Jaap de Blaauw


Marco Hoekstra nei VV Scharnegoutum 1
De trainer fan SDS 2, Marco Hoekstra, hat foar folgend seizoen in kontrakt tekene by
VV Scharnegoutum 1. Hy folget by de sneons-5e-Klasser Richard Douwes op.
Wy winskje Marco alfêst in protte súkses.

SDS-sealtoernoai 2013
Ôfrûne sneon wie der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar âld-leden, sealfuotballers, A-junioaren en senioaren. 37 man hienen harren opjûn en sy wienen der allegear. Opfallend wienen it grutte oantal A-junioaren en âld-leden. It team fan Freek Tichelman, Ayanle Barkat, Bauke Dijkstra, Jelle de Jong, Ids Boersma en Klaas-Bouke Faber gienen der úteinlik mei de drûge woarsten fan troch. It team fan Jacob van Wieren, Andries lanting, Jan Mulder, Jurjen Los, Ruurd Visser en Willem Wijnia waard op ien puntsje twadde.
Durk Okkema betsjinne it skoreboerd, Jacob van Wieren en/of Freek Tichelman waard topskoorder, “good-old”-Ids Boersma de meast weardefolle spiler, Titus winner fan de tredde helte en eltsenien liet him de drûge woarst fan Murk goed smeitsje.

SDS 2 en 3
Tiisdei om 20.30 oere nei de sportskoalle yn Wommels.
Spilers sûnder 4 ritten kaart kinne foar 5,- euro mei dwaan.
Woansdei om 20.30 oere traine yn de sporthal yn Easterein.
Elkenien graach 1,- euro meinimme.
Groeten,
Jeroen & Marco


SDS 4 en 5 sealtraine
SDS 4 en 5 traine woansdeitejûn fan 21.30-22.30 yn de seal yn Easterein. Allegear efkes in eurootsje meinimme.

Alde doaze
Wij klappe der wer efkes it jier 1984 der tsjinoan. Ut de Snitser krante mei Wouter der wat fan sizze. Sjoch
hjir.

Trainen
It sil wer in spannende wike wurde mei it wol/net trochgean fan trainingen yn Snits. Ek keunstgersfjilden binne net geskikt om mei snie te trainen. Hâldt de side mar foaral ek twitter yn de gaten, want dêr stiet it betiden it earst op.

Nij op twitter
Soan Rients wie al op twitter mar no is ek @EddydeBoer op it sosjale netwurk. Tafallich krekt foar Ajax- Feyenoord. Sa koe hij al fêst wat oefenje mei wat gekoanstekke nei in Feyenoorder. Wij binne benijd at syn tweets nei in heger nivo geane de kommende tiid.

Dizze foto sil wol net op Eddy’s Twitter stean


Dizze kin der wol op

Harsens derby(936)
Soks slagget fansels krekt as de skieds foar it ein fan de wedstryd fluite hat: