Weppers moandei 20-7

Weppers snein 19-7
18 juli 2009
Weppers tiisdei 21-7
21 juli 2009

Gedrachsregels
De fuotballers yn de A-seleksje binne fansels krekt in stel jonge hûnen. As je se net oan it tou hawwe fleane sy alle kanten op. Trainer Dick Schuurmans hat no in “tou” fûn om de jongkeardels wat strak te hâlden. Hy hat gedrachsregels opsteld. Wy binne benijd as dit ferúten docht(klik
hjir).

VV Nijland
2e-Klasser VV Nijland sil kommende sneon alwer foar it earst traine. Sjoch
hjir foar harren oefenprogramma. De derby tsjin VV Nijland stiet kommend seizoen foar 10 oktober op it programma. De Nijlanders komme dan yn Easterein.

Handleiding tuchtzaken amateurvoetbal
As fuotbalklup hawwe je mei hiel wat regeltsjes fan de KNVB te krijen. It is best wolris ynteressant om hjir wat mear oer te witten. Je kinne der mear oer lêze yn de “
handleiding tuchtzaken amateurvoetbal“.

WK
Jûn om 19.30 sil der wer in WK plakfine op it skopfjild fan Wommels.

Simmerstop
Net eltsenien is bekommen fan de simmerstop. Dizze keeper sit der noch middenyn:


Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!