Weppers tiisdei 21-7

Weppers moandei 20-7
20 juli 2009
Teamyndielingen steane op de webside!
22 juli 2009

Teamyndielingen
Wy binne drok dwaande om alle teamyndielingen op de webside te krijen. Wy hoopje se moarn presentere te kinnen.

Moai kado!

Frank Bervoets was tijdens de vakantie op de camping in Italie jarig (7 juli jl)
Op dezelfde camping stond Jeffrey Talan die niet te beroerd was om Frank voor zijn verjaardag een techniek training te geven.
Toch een bijzonder gebaar van deze  oud speler van Heerenveen, 8-voudig international en momenteel techniektrainer van SC Heerenveen.

Jeffrey Talan yn aksje mei Frank
Hawwe jim ek sokke moaie fakansjefoto’s?
Mail se nei info@vv-sds.nl!

Nij rekord?
Jelmer, Eeltsje, Sytze en Redmer binne sneon weromkaam fan Mallorca. Sy hienen in knappe fakansje hân. Sy wienen mei nammen te sprekken oer harren nije klaverjasrekord. It wie ús net hielendal dúdlik wêr ’t om gie, mar it kaam der op del dat sy de earste dei 4 oeren klaverjast hawwe yn de baarnende sinne sûnder harren yn te smaren (op Redmer nei). It rekord sil dus wierskynlik west wêze it oantal blieren by Jelmer op de rêch, de readheid fan Eeltsje of de snelste sinnestek ea fan Sytze. It levere yn elts gefal in fakansje op wêr ’t sy bot útrêsten hawwe om ’t bewegen nogal pynlik wie. Redmer mocht de boadskippen dwaan en kaam deawurch thús. 

Jongfeintepartij
Ferskeidene SDS’ers sille woansdei keatse op de Jonfeintepartij yn Easterein. It begjint om 14.00. Der sille fêst ek bulten SDS’ers komme te sjen.
Hjir kinne jim de list fine.

WK 20 juli 2009 Brutsen Wyt
Wat in opkomst op dizze moaie neisimmerse joun. 14 man stiene paraat om de striid oan te gean op it skopfjild fan Wommels. Wat foel der dizze edysje op?
– Eeltje Viltsje (it ferskil mei de grûn as dizze Adonis springt)
– Willem hat net skoard.
– Mark wol ek wolris nei foaren ta
– Henk kin mar best tsjin syn ferlies
– Dronken man signaleert oan de sydline
– Hendrik E. de nije “Reitsma” fan Wommels
– Jelmer sjocht de frijsteande meispilers echt wol, allinich se ferstjinje it, nei syn miening, net altyd om de bal fan hem te krijen.
– Levensgevaarlijk Gerlof Obed, op alle fronten
– Ralph is wer boppe wetter, Spoorloos wurd bedankt foar harren ynspanning.
In spetterende 7(Hendrik de J., Harm, Henk, Jacob Klaas, Jelmer, Hjalmar, Willem (Team Wyt)) tsjin 7 (Mark, Rudy, Gerlof O., Jaap, Ralph, Eeltje, Hendrik E.(Team Swart) begon mei kânsen oer en wer. It bleaun wer in lange tiid 0-0 totdat team Swart ût in snelle utbraak de 1-0 op de teller setten. Dizze goal waar koestert troch it team mar derneist fergêtten sy de nul te hâlden. Team wyt kaam namelijk op stoom en makke al snel de lykmakker út in laf skot fan Jelmer. Nei in eigen goal fan Rudy en moaie combinatie naam team Wyt al snel in foarsprong van 3-1. It doel wie wer dûdlyk foar team Swart, se moasten harren oplade foar de winnende goal.
De winnende goal waar omroppen, en de gesichten op it fjild giene op strak. Behalve bij Willem, dy spile syn eigen wedstriid en woe tot de 10 gean.
Nei in wat ferassende combinatie fan team Swart op it middenfjild stie der yniens de frije man foar it goal fan team Wyt. Dizze frije man hie nei 5 ballen yn de sleat, 6 de tennisbaan op, 7 richting bejaardentehûs en 1 tsjin de flonder fan it Dielshûs, natuurlijk it folste fertrouwen om dizze bal koelbloedig ôf te meitsjen. Gerlof Obed skeat de bal “beheerst” it goal yn en de oerwinning waar gruts fiert troch team Swart. Team Wyt sakke yn as pudding en seach fol ongeloaf team Swart de champagne iepen knallen. Ja minsken, der wie juster echt sprake fan Brutsen Wyt.
Ik moat dit kear earlijk wêse dat de oerwinning miskien net gehiel ferstjinne wie foar team Swart. Bij dizze wol ik dan ek melden dat team Wyt ek wol aardich spile hat.
Mei it einde fan it WK yn sicht mutte de minsken derbij wêse om harren WK nog mei te pakken. Woansdei stiet der wer in WK op it programma, welke as fan âlds wer start om 19:30 op it skopfjild.
Namens it WK Bestjoer,
Alg. Stat. Dir. Hendrik Engbrenghof

Knappe goal
De Europa League (foarhinne UEFA-Cup) is foarige wike fan start gien mei net al te oansprekkende fuotbalklups. De goals binne der neat minder om:


Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!