Evenementen in december 2022

Bekeryndielingen 2009-2010
18 juli 2009
Weppers moandei 20-7
20 juli 2009

Wedstrydprogramma’s SDS 1 en A1
Foar SDS 1 en A1 is it folledige kompetysjeprogramma al bekend. Sjoch foar SDS 1 ûnderoan
dizze side en foar SDS A1 ûnderoan dizze side.

Kompetysje-yndieling SDS 2
Strúnende op de KNVB-side komme wy plots ek de kompetysje-yndieling fan SDS 2 tsjin. It sjocht der sa út:

1e klasse A  
1 Staphorst 2 12:30
2 Leeuw. Zwaluwen 2 12:00
3 SDS 2 14:30
4 Heerenveense Boys 2 14:30
5 Buitenpost 2 13:30
6 BCV 2 13:30
7 Harkemase Boys 2 14:30
8 Blauw Wit ’34 2 12:00
9 Urk 3 14:30
10 Flevo Boys 3 14:30
11 Hardegarijp 2 12:45
12 Balk 2 14:30

Kompetysje-yndieling SDS 3
Ek de kompetysje-yndieling fan SDS 3 blykt al op de KNVB-side te stean:

3e klasse C  
1 VVI 2 13:30
2 Delfstrahuizen 2 14:30
3 Blauw Wit ’34 3 14:30
4 ONS Sneek 3 12:30
5 Joure SC 2 13:00
6 IJVC 2 12:30
7 Workum 2 12:45
8 NOK 2 12:15
9 WWS 2 12:30
10 SDS 3 12:30
11 Heeg 2 14:30
12 Bolswardia 2 12:15

Kompetysje-yndielingen

De KNVB hopet ein july de rest fan de kompetysje-yndielingen bekend meitsje te kinnen. Foar SDS binne no  de kompetysje-yndielingen fan SDS 1,2,3 en A1 bekend.

Meitraine mei A-seleksje
Kommend seizoen sil 2e-jiers A-junior Jacob van Wieren eltse wike in kear meitraine mei de A-seleksje om erfaring op te dwaan. Oan it ein fan it foarige seizoen mocht hy der ek al efkes oan priuwe. Y.p. bliuwt hie gewoan fuotbaljen yn A1.

De Verloren Zoon
“Der komme gjin Eastereiners op it WK!”
“Nono, dat kin wol iets genuanceerd wurre net?”
“Nee, se sykje harren eigen plakje mar ffkes om te foutballen yn de simmer” 
Dizze konfersaasje hat ein maaie plakfûn op it skopfjild fan Wommels. Nei in koarte diskusje hat it WK bestjoer harren veto brûkt om dochs eltsenien ta te litten op it WK mar se dan wol as gast spiler te betiteljen. Bij ien brocht dit in lytse wroeging mei sich mei, deselde die tot útersten giet om syn geliik te heljen. Neidat de protesten oan it adres fan WK Bestjoer gjin effect hiene seach de man yn kwestie nog mar ien ûtwei om syn punt te meitsjen, sels ferhûsje nei Easterein.
Dizze aktie hie wol impact yn Wommels, mar we snappe eins  noch steeds net wat foar effect dit precies moest hawwe op it WK. Dat der represailles troffen wurre moasten troch it WK wie wol dûdlik. It WK fielt dit dochs as in oanfal op de huidige bedriuwsfoering.
Jacob Klaas Haitsma, om dyn eigen motie kracht te jaan sille wij, by hege útsondering, dizze regel op ien persoan tapasse. Fanôf 1 augustus bisto net mear welkom it WK. 
Namens it WK Bestjoer, 
Alg. Stat. Dir. H.K. Engbrenghof 
PS: It WK Bestjoer stiet der iepen foar om ynsake boppesteande konkluusje yn gesprek te treden mei de betrokken persoan(en).

WK
Fansels is der moarntejûn om 19.30 wer in WK op it skopfjild yn Wommels.

Fakansje
Eeltsje Postma hie graach nei Gran Canaria op fakansje wollen. It waard spitich genôch Mallorca. Hy hie op Gran Canaria graach op in kameel sitte wollen. Dit ûndanks dat it de foarige fakansje op ‘e oaljefant net sa ’n sukses wie.

Of júst wol……………..

Gjin goal!
Somtiden binne je sa ticht by in goal, mar wol der der gewoan net yn:


Nijs?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!