Weppers moandei 20-4

Weppers snein 19-4
18 april 2009
SDS 3 op nij 2009-2010!
20 april 2009

Ek Abraham
Op ‘e nij sjocht in SDS’er Abraham. Neidat Douwe Dirk him foarige wike seach is it hjoed de beurt oan Ids Boersma. Fan herte lokwinske!

Ids by him foar yn ‘e tún.



SDS 1

Henk Bootsma makke sneon wer wat foto’s. Dit is der ien fan, it byld sprekt foar him sels en de rest kinne jim
hjir sjen.

Net yn Wommels traine, mar …..
SDS 1 traint tiisdeitejûn net yn Wommels, mar yn Hidaard. Dit berjocht krigen wy fan Dick:
We trene moarn net yn Wommels (der wurdt keatst)
mar op ’t fjild fan Hidaard!
Fertrek om 18.50 oere fanof Easterein of 18.55 oanwesich op t fjild!
Oant moarn!
Gr
Dick

SDS League
As it goed is hawwe wy de nijste stân fan de SDS League al klear. Dochs kinne jim him pas woansdeitejûn hjir besjen, want hy moat noch troch de frou neisjoen wurde.

SDS A1 op tiisdei
Tiisdeitejûn moat SDS A1 fuotbalje tsjin LSC A2. Der is noch in kertier te gean en LSC stiet foar mei 0-1. It begjint om 19.00 oere.
Nei it kertier sille beide ploegen sa ’t it no stiet tsjin elkoar oefenje.

Famkes wiene wol sa bliid sneon

De SDS famkes wûnen sneon fan Tsjom. En dat hawwe se witten yn de kantine. Se wiene der net wei te slaan.

SDS 3
Sa ’t wy foarige wike al melden is de lieding fan SDS 3 drok dwaande mei folgend seizoen. Hielendal no ’t sy harren ôfrûne sneon definityf feilich spile hawwe. Wy hawwe beslach lizze kinnen op foto’s fan ûnderhannelingen fan de lieding mei inkelde “nije” spilers foar folgend seizoen. Wy hoopje se jûn pleatse te kinnen. 

Pannenkoekenmix
Juster kaam eltsenien fertwifeld út de Jimbar neidat Ajax klop krigen hie fan dy lju út Eindhoven. Thúskaam koe ik it noch net begripe. Ek nei de samenvatting op Studio Sport foel it kwartsje noch net. Doe ’t Marco van Basten tidens de parsekonferinsje yn byld kaam wie it lytse Pieter lyk dúdlik; Marco van Bastens pannenkoekenmix, makkelijk te kloppen………..

Fernando Torres
De Spaanse spits fan Liverpool, Fernando Torres, rekke foarige wike yn de wedstryd tsjin Chelsea gjin pipernút. Dit wie foarige wike tsjin Blackburn Rovers wol oars: