Weppers snein 19-4

Utslaggen sneon 18-4
16 april 2009
Weppers moandei 20-4
19 april 2009

SDS DaJ winne

Stoffel Bouma wie der bij sneon doe’t de famkes fan SDS feest fierden nei de oerwinning op Tsjom. Hij makke dizze foto.

Sneu
De famkes fan SDS wienen juster fansels hielendal út de skroefen nei harren earste oerwinning. Dochs wie der ien fan de famkes noch net hielendal tefreden nei de 6-3 winst op Tsjom. Eltsenien seach tidens de wedstryd dat Jildou Jorritsma, foar it earst yn har fuotbalkarriëre, in doelpunt makke, behalve de skiedsrjochter. Lokkich genôch hat heit wol sjoen dat de bal oer de line wie, dus dy euro is binnen……

41 en 82
Der binne minsken dy’t 45 minuten fuotbal te lang fine. Je sjogge dat oeral. Ek bij SDS binne der minsken dy’t it nei 41 minuten wol sjoen hawwe en mei 82 minuten op de klok ek ynienen fuort binne. It falt wol op dat dizze minsken wol in fêst plak yn de kantine hawwe en dat Meinte dêrfan profiteart at hij mei Popko nei it fuotbal is.

TikkieTerugJaap
Wij freegje ús ôf at der sneon bij SDS 4 ek in tikkie werom wie fan iene Douwe de Boer. Wij heare ferskillende berjochten.

ClarenseSluierklassemint

Wij as webmasters fine dat je nea in strafskop misse meie. Derom nimme wij him ek net. Mar at je wol efter de bal steane dan moat dy bal sitte. Misse je dan komme je yn it Clarence Sluier Klassemint. Dat jildt foar senioren, foar A en B spilers mar ek foar froulju en famkes. Oan Sieta Tessemaker de ear om as earste famke in posysje yn it klassemint op te easkjen. Wij twifelen noch efkes omdat Sieta de bal yn de rebound dochs noch ynskeat mar Sieta har ploechgenoaten seagen it wol sitte dat sij in plakje krige op de list.

Troue
Donny Okkema fan SDS 2 hawwe wy it hiele fuotbalseizoen noch net sjoen. Eltsenien frege him ôf wêr ’t hy úthinget en wêr ’t hy it sa drok mei hat dat hy net fuotbalje kin. De webmasters gienen op ûndersyk út en binne der middels tige betroubere bronnen efterkommen hoe ’t de heafaorke yn ‘e stâl stiet. Donny wennet op it heden yn Snits en hat it drok mei syn……..ferkearing. Hy hat it der sels sa drok mei dat hy binnenkoart yn it houliksboatsje stapt. Fansels ferwachtsje wy binnenkoart in útnoeging.

Lid wurde?
De webside is noch altiten net hielendal bekommen fan de “goarre” fan 2 wiken werom. Sa slagget it op it heden net om lid te wurden fan SDS fia de webside Mochten je lid wurde wolle, ful it oanmeldformulier gewoan yn, kopiëer it nei de mail en mail it nei
info@vv-sds.nl.

PSV – Ajax
No ’t AZ juster it kampioenskip net pakt hat en FC Twente ferlern hat rûkt Ajax syn kâns fansels. Fannemiddei spylje sy om 16.30 út tsjin it altiten lestige PSV. Wy ferwachtsje fannemiddei dan ek in ôfladen Jimbar. Mochten je dochs leaver yn de tún sitte fannemiddei en je heare in Postma juichen dan hat Ajax skoord. Mocht Harm-Auke je SMS’e dan hoefe je net te sjen……..

Ideetsje
Yn it Maracana-stadion yn Brazilië hawwe sy yn de rust fan fuotbalwedstriden wol in hiele spesjale attraksje. Dêr steane gjin pupillen penaltys te nimmen, mar dizze âlde rot fan 82 jier lit sjen dat der noch aardich in boltsje heech hâlde kin:


Letter miskien wol mear en oars moarn!