SDS 3 op nij 2009-2010!

Weppers moandei 20-4
19 april 2009
Weppers tiisdei 21-4
21 april 2009

Dit berjocht oer SDS 3 krigen wy út in sear ûnbetroubere bron:

SDS 3 is no hielendal feilich en kinne dus mei it nije seizoen dwaande. Yn de ringongen (wandelgangen) diene al hiel wat geruchten de ronde, mar no kin we dan dochs de earste nammen offisjeel bekind meitsje. As je goed nei de foto’s sjogge dan kin je sjen dat de jongens fan de seleksje fan ôfrûne jier der nog wol wat moaite mei ha (sykje mar út wa dat is…).
Op dit stuit binne wy nog yn pertear mei in oantal jongens. Dus sa at Han Pekel altyd al sei:’wordt vervolgd’

Forza SDS 3


Jan Stenekes hat oerienstemming berikt mei in ûnherkenbere Haitsma. Foar in pear pokerfiches (âlde Flippo’s….) wie dizze deal gau rûn.


Ek berikte Jan oerienstemming mei Mark Postma. Sa te sjen is it twa Postma’s foar de priis fan ien. Ien foarwaarde waard der steld. Jan sil regelje dat ien fan de Postma’s de SDS League wint.


Jan hat ek noch in jonge routinier en âld skoalkameraad, út syn bertedoarp Itens bereid fûn om folgend jier foar SDS 3 te fuotbaljen. Sybren “Astronauta” fûn it in hiele ear om troch Jan frege te wurden en Jan hoecht dy knikkers dan net ek mear werom te jaan……. 


It jild rekke stadichoan de jûn op mar Jelmer Posthumus waard bereid fûn om yn natura útbetelle te wurden. Broer Arjan soe dit ek wol wolle……….


Nei wat hantsjeklap wie ek Tseard Breeuwsma bereid om syn fuotbalskuon út de jarrekolk te fiskjen. Hjir hoechde net folle tsjinoer te stean. Mei ien pink (lofts op de foto) gie Tseard akkoard…….


De transfermerke is noch lang net slúten, dus wy tinke dat der ynkoarten noch wol wat fersterkingen komme kinne. Jan wachtet noch op syn fakansjejild foardat hy fierder winkelje kin.