Weppers moandei 2-6

Kennismeitsje en tarieding SDS 1
1 juni 2014
Doch ek mei oan de SDS-WK-Pool!
3 juni 2014

Treffer
No ’t hast de alderlêste kompetysjewedstriden west binne kinne wy de einTreffer oftewol de weromsjenTreffer meitsje. Wy hawwe jim help der wol by nedich. Fan elk team wolle wy graach wer in koart seizoensferslach hawwe. Fan inkelde teams hawwe wy al wat binnen. Jim meie it maile nei
DeTreffer@vv-sds.nl!

SDS-WK-Pool
Fansels dogge jim allemear mei oan de WK pool fan SDS. Jim kinne der
hjir alles oerlêze.

Jan
Jan Stenekes leit nei in útstapke nei it sikenhûs fan Heerenveen no wer yn Snits yn it sikenhûs sûnder in klaplong. As alles wat meisit dan mei hy hjoed of moarn nei hûs. Jim kinne de kaarten oars noch stjoere nei:
Antonius Sikenhûs
Bolswarderbaan 1
keamer 190
8601 ZK Snits

Jan is aardich opknapt!

Ferslach SDS F1 yn Haren
Ôfrûne sneon waard SDS F1 hiel knap 2e by de bekerfinales yn Haren. In ferslach fan dizze dei sille jim fêst fine kinne yn de nije Treffer.


Harsens derby(1289)
Sa kin it fansels ek: