Respekt en oandacht foar de skiedsrjochter dat moat der alle wedstriden wêze mar yn de wike fan de skiedsrjochter is der ekstra oandacht. Omdat it kompetysjefuotbal sneon al wer begjint noch efkes sjen nei dizze 4 rigels hoe’t je omgean mei de skiedsrjochter.
De SDS JO8-1 wûn sneon mei 7-4 fan Warga JOG8-1 mei 7-4. Dit levere nei de tiid fansels in prachtige teamfoto op!
By ST. SDS/Nijland JO15-2 tsjin Frisia JO15-4 wie Pieter Breeuwsma út Nijlân de grutte man. SDS/Nijland wûn mei 5-2 en de omkesizzer fan Pieter-Lieuwe van der Valk makke alle 5 de goals!
SDS JO13-1 spilet woansdeitejûn om 19.00 oere noch in bekerwedstrriid thús tsjin SSS JO13-1. De wedstriid begjint om 19.00 oere.
Om ’t der woansdeitejûn op it keunstgers bekere wurdt om 19.00 oere, meie de teams efter de sporthal traine. It is net de bedoeling om foar de boksen te trainen.
Ofrûne wykein mochten jim de teams foar de nije SDS-League wer ynleverje. Mar leafst 63 teams dogge der mei. Wy koenen dizze kear rap en ferwachtsje woansdeitemoarn de nije stân al te hawwen.
Sa ’t jim fêst wol witte is it net tastien om yn de boksen bier te drinken. Graach dit seizoen ek wer oandacht hjir foar!
Toet, toet!
That’s how you beat a player in the corner! 🔥
(🎥 Milton Nevves) #Skills pic.twitter.com/mqDWECJ2HU— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) 14 september 2018