SDS-League: ‘Kali-kartel’ pakt wykpriis!

Weppers moandei 17-9-2018
17 september 2018
Weppers woansdei 19-9-2018
19 september 2018

Mar leafst 63 dielnimmers kinne wy begroetsje by de 53e edysje fan de SDS-League! Moai dat jim allegear wer meidogge!

It ‘Kali-kartel’ fan Igor Kalinowski wit fan gjin ophâlden en begjint it nije seizoen knap mei de earste wykpriis nei yn de foarige edysje as 3e eindige te wêzen. Hy hat krekt 2 puntsjes mear as syn grutte konkurrint ‘Pablo (Martijn) Rispens’.

 

De iene ‘Henkie Cola’ is de oare net. De iene (Matthijs Postma) start as 3e en de oare (Henk Postma) as 58e.

‘Dirks Angels’ fan Dirk Stegenga begjint net sa denderend oan de SDS-League. Hy begjint as ien nei lêste. Dêrneist mei hy lyk as in soad oaren mei 10 man fierder no ’t Pröpper (HER) it hiele seizoen útskeakele is.
Dat soks net per sé wat út hoeft te meitsjen foar de stân op de ranglist bewiist Douwe Kooistra. Hy moat ek fierder mei 10 spilers no ’t hy Boadu(AZ) misse moat, mar begjint op it 6e plak.

Pieter Kamstra begjint mei ‘CD Guadalajara’ op it 27e plak. Hy moat allinnich fierder mei noch mar 9 spilers. Hy moat sawol Pröpper(HER) as Boadu(AZ) de rest fan it seizoen misse………..

De reade lantearn giet yn wike 1 nei Mark Postma. Wy binne benijd as hy him nije wike noch hat.

De iene skuoddet syn nije team foar de SDS-League sa út de mouwe en de oar sit in skoft te stinnen om ta in team te kommen. Sa kinne je in team meitsje op basis fan earder helle punten of bouwe op fertrouen yn guon spilers. Soenen wy de stân opmeitsje foar de start fan de SDS-League dan soe de top 10 der sa útsjen:

Stand Naam team: Coach:
1 Pablo Rispens M.R. 258
2 Kali Kartel I.K. 249
3 Cambuur Liwadden JD&JFB 240
4 Better Call Thorsby P.W. 240
5 Subleaguewinner 2018 E.P. 239
6 Henkie Cola M.P. 239
7 Hakuna Matata** H.d.J. 238
8 Brugpieper United A.D. 238
9 Alle ballen op Eeltje J.D. 237
10 FC Boekelaar K.B.F. 235

Oan de kop fan it klassemint liket it dus dochs wol dat it fertúten docht as je je goed ferdjipje yn it oantal punten wat bepaalde spilers al hawwe. Al witte wy dat in pear fan dizze lju net wisten dat harren spilers al safolle punten pakt hienen. Wy binne wol benijd as dit op it ein ek fertúten docht. Wy sille it ein desimber sjen.

SDS League 2018-2019 stand earste helte wike 1