SDS League
Jûn hjir de nije stân fan de SDS League.
Futsal
SDS 1 spilet moarn miskien wol syn lêste thúswedstryd fan it seizoen. Sy spylje moarn om 20.00 tsjin Urk.
Op 9 april spilet SDS 1 yn prinsipe de lêste thúswedstryd tsjin Leeuwarden 1. No docht echter bliken dat Leeuwarden foarige wike net fuotballe hat tsjin FFS. Beide ploegen binne dit seizoen al in kear earder net opdagen kommen. Wy binne benijd hoe ’t dit ôfrint(sjoch futsal.nl).
SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Mail je tasnûmer nei info@vv-sds.nl!
AD-kwis
By dizze fuotbalkwis kinne je in reis winne nei in fuotbalwedstryd yn Ingelân. Je moatte je allinnich earst efkes registrere. Klik hjir om mei te dwaan.
“Komt dat schòòòòòòòòt”
No ’t de NOS foar 5 jier de fuotbalrjochten “krigen” hat fan de hele eredivisie hawwe sy ek mear ferslachjouwers nedich. Wy witte noch wol ien…….(klik hjir).
Aaipop
Kommende peaskemoandei wurdt der net fuotballe. In moaie dei dus om efkes mei frou en bêrn lâns de meubelboulevard te riden. Wy witte wol wat betters. Moandei is foar de 21e kear it Aaipop-festival yn Nijlân. Ien fan ús favorite bands binne dêr de Trije Gurbes. Sy spilen ôfrûne sneon noch harren generale yn Ljouwert(klik hjir).
Penalty(2)
Oan dizze penalty is neat bysûnders. Mear bysûnder is de manier wêrop hy fuortjûn wurdt.
Nijs?
Of oars wat. Maile kin nei dizze adressen.