Weppers moandei 17-1

Weppers snein 16-1
15 januari 2011
Weppers tiisdei 18-1
17 januari 2011

SDS 1 traint tiisdei gewoan yn Snits
Yn tsjinstelling tot eardere berjochten giet de
A-seleksje gewoan te trainen yn Snits en wol
om 19.30 oere. Fertrek is om 19.00 oere út 
Easterein wei en auto’s meinimme!
Dirk-Yde

SDS net yn finales OFK
SDS 1 seal en SDS 1 fjild binne der sneon beide net yn slagge om yn de 16e finales te kommen fan it OFK. Beide teams hienen it yn de lêste poulewedstryd yn eigen hân, mar kamen krekt tekoart.
SDS 1 seal begie mei in knappe 1-0 oerwinning op Futsal Bûtenpost troch in goal fan Freek. Yn de twadde wedstryd kamen sy mei 2-0 efter tsjin VV Oosterlittens seal, mar wisten dit troch goals fan Feite en Willem om te bûgen nei in 2-2 lykspul. Hjirtroch hienen sy yn de lêste poulewedstryd tsjin LSC oan in lykspul genôch om fierder te kommen. SDS foel oan en rekke fjouwer kear it houtwurk. In fan rjochting feroare skot soarge foar de 1-0 foar LSC krekt foar tiid. Sa gienen LSC en Oosterlittens seal troch nei de folgende ronde. Sy ferlearen dêr beide fan respektivelik Lemmer en Exstador.
SDS 1 fjild begie knap mei in 4-1 oerwinning op SC Franeker. Tsjin Drachtster Boys seal ferlearen sy mei 3-1. Yn de lêste wedstryd tsjin De Herauten soe in oerwinning in plakje yn de finaleronde opleverje. SDS kaam mei 1-0 en mei 2-1 foar, mar 2 minuten foar tiid foel de 2-2 en SDS koe hjir gjin feroaring mear yn bringe. De Herauten kamen úteinlik yn de heale finales tsjin Drachtster Boys seal. Drachtster Boys wûn dit, mar ferlearen úteinlik yn de finale fan Avanti mei 2-1.
Sjoch hjir foar alle útslagen

Traine
Voor de A en B spelers, 
Woensdag 19 januari gaan we gezellig trainen. Vergeet niet je loopschoenen mee te nemen. 
groetjes, Lody

SDS-jeugdsealtoernoai
Zaterdag 15 januari is het “Nijjierssealfuotbaltoernooi” voor de D.E en F-pupillen gespeeld.
Maar liefst 105 voetballers deden mee .Overwegend waren de teams even sterk, waardoor het in elke categorie lang onduidelijk bleef wie er als winnaars uit de bus zouden komen.
Hier zijn de winnaars:
 
F-pupillen:
 
Anco Bervoets F1
Beckers Mark F2
jeffrey van der Werf F3
Tiemen Bergmans F4
Benthe  Okkema F5
Jelmer Stremler F4
Jalko Tanja F5
 
E-pupillen:
 
Wytse Yntema E1
Luuk van der Schaar E2                  
Kent van der Schaar E3
Mark klijnsma E4
Jeljer Overal E5
Steven van der Pol
E3
 
 
D-pupillen:
 
Matthijs Postma D1
Rients de Boer D1
Jacob de Bonte D2
wie zat hier nog meer bij ?     
Janieke dijkstra D4M
Tom de Rechter
D2
 
Al met al een spannende en erg gezellige dag. Namens het jeugdbestuur willen we ook alle vrijwilligers bedanken die deze dag tot een succes hebben gemaakt! 
Bote Strikwerda en Hans van der Schaar
Letter komme der noch foto´s.

Gerrie Snel

Nei de studio útstjoering fan Fuotbal Ynsicht ôfrûne desimber komme de mannen no mei wat nijs. Fanôf hjoed bringe se op Stjoerder.nl in dokumintêre oer Gerrie Snel, de ambisjeuze trainer fan WBWMF (Wat Binne We Moai Fuort) boys. In doarpsklup dy’t útkomt yn de leechste klasse fan it amateurfuotbal. 
Alles wat Gerrie en syn mannen tinke, fiele en sizze omtrint it fuotbal komt foar it fuotljocht. Fuotbal Ynsicht hat in oerienkomst ôfsletten dy’t harren eksklusyf tagong jout foar en efter de skermen fan dizze befleine fuotbalbisten.
Yn dizze earste ôflevering wurde Gerrie en syn mannen oan jim foarsteld en binne we tsjûge fan de opmerklike wedstriidynstelling en belibbing fan dizze no al legindaryske trainer en syn manskippen.
Ek is Fuotbal Ynsicht fanôf no te folgen fia 
Twitter (www.twitter.com/fuotbalynsicht). Hjir komt al it lêste nijs mei protte ekstra’s omtrint ‘de wichtichste bysaak fan it libben’. Ek kin der fia Twitter reagearre wurde (@fuotbalynsicht), dizze Tweets komme automatysk op Stjoerder.nl.
Fuotbal Ynsicht is in programma fan Ate Feike de Boer, Hendrik Engbrenghof, Jan Stenekes en Sjoerd van Beem. Mei deryn in protte ferdivedaasje, reportaazjes, analyzes, satire en fanôf moandei 17 jannewaris mei de dokumintêre oer Gerrie Snel
Mei freonlike groetnis,
Jaring Rispens
Sjoch hjir foar de fideo.

Harsens derby (380)
Dizze skiedsrjochter hat blykber syn bril fergetten: