Weppers moandei 16-6

Tarieding SDS 1 2008-2009
16 juni 2008
Stân SDS EK-League 16-6
16 juni 2008

WK
No’t bliken docht dat de kermis al opbout wurdt op de Terp is der mar besletten om jûn om 20.00 op it fuotbalfjild te fuotbaljen. Dit is foar alle leafhawwers.

SDS 1
Sjoch foar it programma fan SDS 1 foar de tarieding op it nije seizoen hjir.

Slachte 2004?
Mei de Slachterin ôfrûne sneon wienen ek in bult SDS’ers yn it spier. Net allinnich as rinners mar ek as b.f. frijwillger. Sa ek Jan-Simon Jelsma dy ’t it ferkear regele by Easterein. Oan syn hesje te sjen docht hy dat al in skoft……..
 

Oefenje
VV Nijland hat op tiisdei 8 juli in oefenwedstryd tsjin SC Cambuur. Mei al dy nije oankeapen fan SC Cambuur binne wy benijd as de Nijlanders opwûksen binne tsjin de Ljouwerters. De wedstryd begjint om 20.00. De yntree is €5,- en nei ôfrin is der in stikje musyk.

SDS-Balk??
Al is Balk dan degradeard nei de 3e-Klasse dochs stiet SDS-Balk dit jier op it programma. Sa like it tenminste yn de Wijd en Zijd. It giet net om in oefenwedstryd, mar om it folgende(klik
hjir).

VV Engelbert
Wy hawwe der noch nea tsjin fuotballe en witte ek net wêr ’t sy presys weikomme. Dochs wienen wy wol nijsgjirrich nei in berjocht op Voetbalnoord neamd “vreemde boel”. Dêrút docht bliken dat it wat rommelt by Engelbert(klik
hjir).

SDS EK-League
Jûn rûn de klok fan 11 de nije stân fan de SDS EK-League hjir.

Frankryk – Italië
Moarn stiet de kraker Frankryk – Italië op it programma. As Roemenië fan Nederlân wint, spylje sy allinnich mar om de ear. Dit is wierskynlik foar de twa spilers fan Bayern München, Ribéry en Toni, al genôch om der in wedstryd fan te meitsjen wêr ’t de fonken fanôf fleane:

 
Letter miskien mear!