Tarieding SDS 1 2008-2009

Stân SDS EK-League 15-6
15 juni 2008
Weppers moandei 16-6
16 juni 2008

Tongersdeitejûn hie de A-seleksje in “geheime” meeting yn de Jimbar. Der waard it ien en oar besprutsen foar kommend seizoen.

It oefenprogramma waard ek bekend makke. It is noch ûnder foarbehâld, want de fjilden binne noch net regele. Klik
hjir om it yn earsten programma te besjen.

De earste training sil op tiisdei 5 augustus wêze. Dit is de jûn foar de Freule. Der is noch neat wis, mar oars is de earste oefenwedstryd op sneon 9 augustus tsjin Bolswardia.

Foar de simmerstop krige de seleksje ek in programma mei. It is net de bedoeling om simmers lange duurlopen te dwaan(gjin Slachte dus!), mar in soad koart wurk. Sjoch
hjir hoe ’t Dicky Schuurman dat yn de holle hat. Fansels is dit net allinnich riedsum foar de A-seleksje, mar ek ek foar alle oare fuotballers en fuotbalsters fan SDS.

SDS 1 mei kommend seizoen wer nei Drinte, mar der steane ek moaie derbys op it programma tsjin û.o. WPB en Nijland.
Dit is de kompetysje-yndieling:

2e klasse J

Weide De 1

Hollandscheveld 1

Meppel FC 1

LTC 1

VHK 1

Olympia’28 1

Olde Veste’54 d 1

Heerenveense Boys 1

Waterpoort Boys 1

Oeverzwaluwen 1

SDS 1

Nijland 1

De earste kompetysjewedstryd is op sneon 6 septimber.