Weppers moandei 16-3

Erwin Zeinstra op sponserjûn
16 maart 2015
Weppers tiisdei 17-3
16 maart 2015

Derby
Kommende sneon spilet SDS 1 de derby tsjin SC Bolsward 1. Dat liket ús in moaie gelegenheid foar eltsenien om manmachtich nei Easterein te kommen. De wedstryd begjint om 14.30 oere en wy geane foar 250 besikers.
Jim kinne it evenemint
hjir diele op Facebook. Ûnder de lju dy ’t dit evenemint diele wurdt in SDS-sjaal ferlotte. Degene moat sneon dan al by de wedstryd wêze fansels.


Mei de bus
SDS 1 en 2 gienen ôfrûne sneon tegeare yn de bus nei DWP en dat foldie skjin. Der is sels in idee om by de KNVB oan te jaan om folgend seizoen mear útwedstriden tagelyk te spyljen.

Draaiend Rêd
Mei de bus werom út Sint-Jansgea moast der ôfrûne sneon fansels ûnderweis ek efkes pisse wurde. De Tomtom wie al ynsteld op Nijlân om dêr efentueel 3 kratsjes bier op te heljen as SDS fan DWP wûn hie, mar no ’t dat him net waard, koe dêr moai pisse wurde. No bleaun it dêr net by, want Anne Brouwer woe wol graach noch efkes meispylje mei it Draaiend Rad yn de kantine fan Nijlân. Ferfolgens moast hy ek sels de lotten ferkeapje en oan it rêd draaie, mar dat makke him neat.

Anne dielt de prizen út!

Draaiend Rêd (2)
Ek yn Sint Jut dienen de SDS’ers mei oan it Draaiend Rêd. De ienige mooglikheid om dochs noch wat mei te nimmen nei 6 punten lizze litten te hawwen. Pieter Kamstra wie de ienige SDS’er dy ’t wat wûn. Wat sil Akke-Rixt grutsk op him west wêze:


Oanmoedigingspreemje
It is ús nei sneon wol dúdlik wurden dat oanmoedigingspreemjes yn 3A gjin effekt ha. WPB woe gjin Snelle Jelle koeken út Sint Jansgea en dus spilen se gelyk tsjin Nijland, SDS liet it bier (fan Nijland) leaver stean en wûn net fan DWP en dúdlik is ek dat Mulier nettsjinsteande trije doazen kofje fan sc Bolsward net winne woe fan sc Joure.
Hjirmei slute wij dit tema mar ôf…..

Ferslagen
Fan in soad wedstriden lykas dy fan SDS A1, B1, D1, MD1 en noch folle mear kinne jim
hjir it ferslach lêze.

Kâld
It wie sneontemoarn roetkâld yn Easterein. Dat mei dúdlik wêze…….


Easterein Rocks 5
Kommende sneon 21 maart sil alwer foar de 5e kear it
Easterein Rocks plakfine yn it kafé yn Easterein. Der dogge hiel wat SDS-leden en âld leden mei: Pieter de Boer, Gerrit Hingst, Folkert Rients Vellinga, Geeske Yntema, Ieda de Boer ensfh. En fansels SDS sponser Durk Jorrit van der Eems. De muoite wurdich soenen wy sizze!

Harsens derby (1454)
Eins moast de skiedsrjochter in frije traap hawwe…….