Weppers snein 15-11

Ut- en ferslaggen 14-11
13 november 2015
Weppers moandei 16-11
14 november 2015

D1 nij yn de klean

Pupillen fan de wike
Yn it programmaboekje fan sneon stiene oare nammen as it yn wurklikheid wie.
De echte pupillen wiene Bartele Bouma en Raymond Terpstra. Beide jonges fuotbalje yn E2. Sij woene op de foto mei nûmer 2 en nûmer 13 seinen se nei ôfrin. Sjoerd en Grietzen dus….. (en at jim op de foto’s klikke, kinne jim it noch better sjen)

“Sterk Door Strijd”
Yn it programmaboekje fan SDS 1 – sc Berlikum 1 waard de seleksje fan SDS 1 oproppen om foarop te gean yn de striid. Dat dit der ferfolgens ta liede dat Dirk-Yde Sjaarda mei in sear skouder nei de Dokterswacht moast en keeper Jaap Toering nei in botsing yn de lêste minút sels in nachtje yn it sikenhûs sliepe moast (kniesde nier en ribben) wie fansels net de bedoeling. Al sil de wurkjouwer fan de skriuwer fan it stikje al yn syn hannen wriuwe……

In oanfaller knalt yn de lêste minút fan de wedstryd fol op Jaap Toering.
Foto Henk Bootsma


In kram
Tidens de wedstriid SDS 1- Berlikum 1 die SDS spiler Tjipke Klaas Okkema in opmerklike fynst. Mei in moaie worp smyt hij in keatskram nei de kant. Hij hie him fûn op it plak wêr’t Dirk Yde Sjaarda syn skouderblessure oprûn. It sil dochs net sa west hawwe dat de foarsitter fan de keatsklup fan Easterein troch in kram op it fuotbalfjild syn skouderblessure oprûn hat tidens it fuotbaljen? Of hie hy as bijleauwen in kram yn de kontbûse?

Skorst
Erik Haitsma krige juster syn 4e giele kaart fan it seizoen en dat betsjut dat hy 28 novimber út tsjin Oudehaske 1 skorst is.

Bunnikside
In lege Bunnikside sneontemiddei tidens SDS1 – Berlkum1. “Tefolle op ‘e wyn” wie it iene ferhaal. “Unfrede oer de minne prestaasjes” wie it oare ferhaal. Wurdfierder Ate Vellinga fan de Bunnikside woe gjin kommentaar jaan…..

Foto’s SDS 1 – Berlikum 1
Henk Bootsma hat juster wer hiel wat foto’s makke by SDS 1 – sc Berlikum 1. Jim kinne de earsten hjir fine.

Jelmer skoort, Dirk-Yde jûchheit!
Foto Henk Bootsma


SDS B1 en B2
Hans van der Schaar traint moandeitejûns B1 en B2. Hy wurdt dizze kear assisteard troch Jacob-Klaas Haitsma fan SDS 1. It doel is dat der eltse wike in spiler fan SDS 1 helpe sil om B1 en B2 te trainen. Erik Haitsma, Hendrik de Jong, Tsjipke Okkema, Skelte Anema en Teun Heeres hawwe al oan beurt west.

Oefenje
SDS 1 sil tiisdeitejûn oefenje tsjin Dronryp 1. De ploech fan âld-SDS’er Tsjalling Sikma.

Harsens derby (1626)
De froulju fan SDS Vr.1 lieten juster op ‘e nij sjen goed fuotbalje te kinnen en wûnen foar de achtste kear op rige. De froulju fan Bayern München kinne ek wol aardich bolje.


Letter miskien mear!