Weppers moandei 15-9

Programma SDS 2,4 en 5
14 september 2014
Weppers tiisdei 16-9
15 september 2014

Jierdei
Je sille mar jierdei wêze op freed en in Efkes Baller wêze. Je sille mar jierdei wêze, in Efkes Baller wêze en it Efkes Balfjild as buortûn hawwe. Dan wurdt it hiel lestich om  tidens it jierdeifeest  der efkes tusken út te piken om efkes te baljen. It oerkaam Tjerk ferline wike. Moai dat er der wie en noch fan herte.

Hans
It iene momint (sneontemiddei) binne je noch lekker oan it baljen en it oare momint (sneontejûn) rinne je mei de earm yn de doek. Sterkte en betterskip Hans van der Schaar, spiler fan SDS 4.

Side
De side wie ferline wike út de loft. Dat bringt minsken yn fertizing. Hoe krije wij no de ynformaasje. Dêrom in tip at it wer barre soe, klik gewoan op it ikoantsje fan twitter (foar op de side) en jim kinne dochs noch wat nijs lêze. Ek al dogge jim gewoanwei neat mei twitter.
It is noch wol sa dat wij der op dit momint noch gjin foto’s op pleatse kinne.

Doelpunten
SDS 4 spile sneon 3-3. Wij binne noch op syk nei de doelpuntenmakkers.

In stjêr
Op VoetbalNoord wurde stjerren útdield at in spiler 25 kompetysjedoelpunten makke hat. Sûnt ferline wike hat Tsjipke Klaas Okkema ek in stjêr. Sjoch op
Voetbalnoord wa’t noch mear ien of mear stjerren hat.

 

Moarn mear!