Weppers moandei 15-12

Efkes Balje
13 december 2014
SDS op it OFK 2015
15 december 2014

Programma
It is dien mei it bûten fuotbal. Mar it fuotbal is net dien. Naadleas giet it oer yn it sealprogramma. Kommende sneon allegear al wer SDS jeugdteams dy’t meidogge yn de KNVB sealkompetysje.

SDS-sealtoernoai foar F-pupillen
Ôfrûne sneon wie yn de sporthal yn Easterein it jierlijkse SDS-krystsealtoernoai
foar F-pupillen.
By de F’kes út de Mini-League wûnen Jelle Tiede Vellinga, Luuk Meijer, Jorrit Stap, Herman Vinke, Henk Jan Nijdam en Jarno van der Weij. By de F’kes fan F1/F2 waard it toernoai wûn troch Yke Gaastra, Jesse de Vries, Raymond Terpstra, Larissa Eupper en Berend Santema.  It útgebreide ferslach kinne jim lêze yn de kommende Treffer.

Sealtraine
Ferskeidene jeugdteams traine alwer drok yn de seal. Fannemiddei sil D2 los yn sporthal de Greidhoeke om 17.00. Sjoch hjir foar it sealskema fan alle jeugteams.

Oflast
At SDS 1 ôflast wurdt en der is fierders neat op it sportpark yn Easterein, dan sjogge de leafhawwers efkes bij in oare klup. Dat is meast Nijland, mar omdat “dy dochs wol winne en it dus net spannend is”, keazen juster in hiel soad foar WPB- sc Joure. Wij seagen
op twitter in Hofstra, in Okkema, in Postma en van Beem. Ek in Bruinsma (fotograaf) , trije Haitsmas en noch in Hofstra wiene dêr. Wij krigen sels in ynsprutsen ferslach binnen fan Bram ten Napel.

Dirk Yde en Imke
Wij hawwe part 6 ek al wer binnenkrigen fan
de reis fan Dirk Yde  en Imke.

Harsens derby(1391)
Dizze skiedsrjochter hat heechstwierskynlik in flinke mich yn it each……….