Weppers moandei 14-6

Midsimmerfuotbal
13 juni 2009
Teamyndielingen jeugd rûn!
15 juni 2009

Kompetysje-yndieling futsal
Ek de kompetysje-yndieling oangeande SDS futsal 1 foar kommend seizoen is bekend. It sjocht der sa út:
1e klasse A
Blauw Wit ’34 2 LEEUWARDEN
Friesland 2 LEEUWARDEN
Futsal Cambuur 2 LEEUWARDEN
Futsal Heerenveen 2 HEERENVEEN
Haskerland 1 JOURE
Old Forward 1 VLEDDER
SDS 1 EASTEREIN
Trynwalden 1 OENTSJERK
Urk zvv 4 URK
Workum 2 WORKUM
ZVVS 1 STAPHORST
ZZVV 1 RUINEN

Teamyndielingen
De foarlopige teamyndielingen fan de jeugd binne dit jier moai op ‘e tiid klear. Wy hoopje se jûn bekend meitsje te kinnen hjir op de webside mei tank oan de TC-jeugd.

Midsimmercup 2009
It wie sneon moai waar tidens de Midsimmercup. Dit levert fansels wer moai plaatsjes op(klik
hjir).

Promoasje/degradaasje
No ’t der nei folgend seizoen in Topklasse yn it amateurfuotbal komt is it kommende seizoen wer in oergongsjier wêr ’t in soad te winnen falt. Sa promofere de earste 3 yn de 2e Klasse kommend seizoen nei de 1e Klasse. Sjoch
hjir foar hoe ’t it allegear ynelkoar stekt.

WK
Jûn om 19.30 sil der wer in WK plakfine op it skopfjild fan Wommels.

Fuotbalplaatsjes(4)
No ’t SDS mei de Jumbo dwaande is om SDS-fuotbalplaatsjes út te bringen binne wy de âlde Panini-boeken noch efkes yndûkt. En wat sketst ús ferbazing? In jonge Neno Viëtor stie yn in Itiljaansk Panini-album fan 1986. Doe neamen sy him noch Giuseppe Bergomi:

Wa’t noch in in âlde foto hat fan fuotballers fan SDS kin him melde by 
Enne Bruinsma.

Confederations Cup
Wy hawwe hielendal neat mei de Confederations Cup, mar dizze “misser” wie wol aardich:


Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl!