Weppers moandei 14-5

Weppers snein 13-5
13 mei 2012
Weppers tiisdei 14-5
14 mei 2012

Jierdei
Wij soene har hast ferjitte, mar net echt. Sjanouk Veen je hat hjoed har jierdei en sij is 22 wurden.

25 jier troud
Wij ha begrepen dat Tjeerd en Matty hjoed 25 jier troud binne. Dat hawwe se it wykein al fierd sadat se hjoed de rommel wer oprêde koene en de ruten bûten in flinke beurt jaan koene.

Spilerspaskes ynleverje
Wolle alle leiders der efkes om tinke dat sy nei de lêste wedstryd fan harren team de spierspassen ynlevere wurde by Tineke Vink?
It bestjoer


B’s gjin trainen
Vanavond hebben de B-junioren geen trainen. Woensdag moeten ze voetballen, info hieromtrent volgt nog, dus graag de site even in de gaten houden. 
Leider/trainers b’s

SDS 5 ôflast
De ynhelwedstryd fan kommende woansdei tusken SDS 5 tsjin Blija 2 is op ‘e nij ôflast. Blija hat noch altiten te min spilers. Wy tinke dat it seizoen foar SDS 5 ek dien is.

SDS 5 derop út!
Zaterdag hebben we een afsluiting van het seizoen in Witmarsum!
We gaan eerst golven en daarna een hapje en een drankje in de plaatselijke kroeg!!
Eastereinders:16.45 aanwezig bij de sportvelden!!
Wommelsers: 16.47 aanwezig bij It reade Hynder!!
Mensen buiten Easterein en wommels 16.45 in Easterein!!!!!
Tot zaterdagmiddag
Harm-Auke


Neikompetysje
Op dizze webside is in moai oersjoch te sjen fan de neikompetysjes.

Fan herte lokwinske!
Der is sprake fan in wiere bertegolf by SDS. Ôfrûne woansdei is namelijk Nynke Wagenaar-De Boer(SDS DA2) ek noch befallen fan in jonkje, neamd Finn Douwe. Heit Ronny(SDS 5) en sus Ylva lit ús witte dat mem en soan it goed meitsje.
Fan herte lokwinske!

Sprekkend omke Jeroen

Greidhoek’ Festival
Om ’t de spilers fan SDS 1 freedejûn betiid op bêd leinen koenen sy net nei de parsekonferinsje fan it Greidhoek’ Festival yn de Jim-Bar. Foar wa ’t it mist hat kin it hjir altiten noch efkes besjen.

Harsens derby (760)
Yn de Oekraïne is Shahtar Donetsk kampioen wurden. Lyk nei de wedstryd krige de trainer in saneamde “bierbrûs”(in het Nederlands een bierdouche). Hy wie hjir net sa wiis mei. Dit hie fansels wodka wêze moatten…….