Weppers moandei 14-3-2022

Sneon 12-4-2022
11 maart 2022
SDS-League: ‘Hoekie Boys’ pakt de kopposysje!
15 maart 2022

Opkreasje

As je hast 75 jier bestean dan meie je de boel fersiere. By SDS is it kompleks al fersierd mei in moai SDS 75-jierdoek en sneons mei in moaie SDS-75-jierflagge. No hawwe Klaas de Haan en Andries Stuiver ferline wike ek it skoreboerd noch wat opkreaze. Is it net in plaatsje?

SDS JO11-1

De SDS JO11-1 kaam ôfrûne sneon op de foto om’t sy nije sjurtsjes hawwe fan Couperus Hydrauliek B.V. Dat sjocht der mar kreas út!

Ynhelje

De froulju fan SDS Vr.1 meie woansdeitejûn om 20.00 oere thús balje tsjin LAC Frisia Vr.1.

Sponserjûn

Kommende freed 18 maart soenen wy in sponserjûn hawwe, mar dit giet spitich genôch net troch. As sprekkers soenen Henk de Jong (trainer sc Cambuur) en Arjen de Boer (Omrop Fryslân) komme. Henk de Jong syn sûnens lit it spitich genôch net ta om te sprekken. Wy winskje him betterskip!

Promoasje/degradaasje SDS 1

No’t de kompetysje wer lekker op gong is en SDS wat yn de ûnderein omdangelt komme der fansels fragen hoe’t it sit mei degradaasje en sa.  Wij kinne it ûndersteande skema fine. At SDS yn it lofter rychje stiet, sille wij de riegels foar promoasje der ek bij pakke.

Freedtejûn frouljusjûn

Kommende freed meie de froulju fan SDS Vr.2 wer los yn Easterein. It belooft wer in noflike jûn te wurden. Tjitse Postma en Sietse Stoffelsma sille efter de bar stean.

Foar 10 euries nei sc Heerenveen – Heracles

Kommende freed 18 maart spilet sc Heerenveen thús tsjin Heracles om 20.00 oere. Hjir kinne je al foar 10 euries hinne en dan giet der ek noch €2,- nei SDS. Jim kinne der hjir alles oer lêze.

Harsens derby (2358)

Ho!