Weppers moandei 12-10

Betink in leuk ûnderskrift!
12 oktober 2015
SDS A1 sneon nei Skylge!
13 oktober 2015

Programma kommende sneon
It programma foar kommende sneon sjocht der sa út (klik hjir).

SDS B1 en B2
Hans van der Schaar traint moandeitejûns B1 en B2. Hy wurdt dizze kear assisteard troch Tsjipke Okkema fan SDS 1. It doel is dat der eltse wike in spiler fan SDS 1 helpe sil om B1 en B2 te trainen. Erik Haitsma en Hendrik de Jong hawwe al oan beurt west.

Beker
Kommende sneon noch in kompetysjeronde, mar op 24 oktober ynhelje en….. beker. Trije teams sitte noch yn de beker en dêrfan spylje der twa út (SDS A1 en SDS 1) en ien thús (VR1). Sij nimme it dan op tsjin Mulier 1.

Promoasje- degradaasje
Frans Munsterman frege him sneon ôf hoe’t it no sit mei de promoasje-degradaasjeregeling yn de 3e-Klasse no ’t der folgend seizoen in 2e-Divisie by komt. Wy hawwe it efkes opsocht en it sit sa:
De kampioen promoveart.
De Perioadekampioenen spylje foar promoasje tsjin klups út de 2e-Klasse.
De ûnderste 2 degradearje streekrjocht
De nûmers 11 en 12 spylje neikompetysje mei klups út de 4e-Klasse.
Sjoch ek
hjir.

Doelpunt

Wa koene it sneon no better sjen at it in doelpunt wie fan SDS 1 of net? Krekt, de Bunniksite en dy wiene unanym: de bal wie seker 20 sentimeter oer de line.

Foto’s SDS D1 – sc Bolward D2
Henk Bootsma makke sneon in hiele bult foto’s by SDS D1 – sc Bolsward D2. De wedstryd gie mei 5-3 ferlern, mar de foto’s binne der neat minder om. Sjoch
hjir foar alle foto’s.

Wêr is de bal?
Foto Henk Bootsma

Paul
Soms heare wij wat nijsgjirrichs oan de kant fan it fjild.
“Hasto ek fuotballe”, frege der lêsten immen oan Paul. Dat wie net kwea bedoeld mar gewoan belangstelling. Wij seagen yn it argyf fan 25 jier lyn en sjogge yn de seleksje fan A1   in sekere Paul Walstra stean. Sjoch
hjir.

Harsens derby (1607)
Knappe goal!!