Weppers moandei 11-6

SDS- EK weppers
10 juni 2012
Weppers tiisdei 12-6
11 juni 2012

SDS EK-League
De SDS EK-League is los. Sjoch
hjir foar de aldernijste stân(gean nei “vv SDS”en druk op “stand”).
Jelte-Pieter Dijkstra stiet boppe-oan en hat 2 punten mear as “Bulder” fan Jan Mulder.
“Peppi & Kokki” steane stiif ûnderoan, mar wat wolle je ek nei 3 dagen yn de “Crazy Wave”.
It kin wêze dat der noch 2 dielnimmers by komme. Beide wienen ferjitten om de subpool “vv SDS” yn te fullen.

Alderaardichst
Fansels steane de kranten fan hjoed fol mei kommintaar op de wedstryd tusken Nederlân en Denemarken. In kop út in Belgyske krante spruts ús it meast oan:
Egoland – Legoland 0-1.

Nije Treffer
Foar de simmer hoopje wy noch ien Treffer út te bringen. Yn dizze Treffer wole wy graach fan alle SDS-teams in ferslachje hawwe oer it ôfrûne seizoen. It hoecht net sa lang. Wy wolle de stikjes graach binnen hawwe foar kommend wykein. Mail de stikjes nei
DeTreffer@vv-sds.nl.
Leiders en âlders: klim yn de pinne!!

Nije fuotbalkantine
ONT bestie ferline wike 50 jier. Sy hienen in grut feest en iepenen ek harren nije kantine:

In opfallend plakje is der ynromme foar (de efterkant fan)in SDS’er dy ’t krekt 24 jier wurden is:

Klik op de foto om de SDS’er fan tichterby te besjen.

Harsens derby (784)
Fansels winne wy woansdei mei twa fingers yn de noas fan dy lju wêrfan harren trainer de hiele tiid mei ien finger yn syn noas sit te harkjen…………



Letter miskien mear!