SDS- EK weppers

Weppers sneon 9-6
8 juni 2012
Weppers moandei 11-6
11 juni 2012

Stân fan saken
Wij binne los. 51 dielnimmers úteinlik dy’t fol spanning hope op bepaalde útslaggen.
Alle dielnimmers kinne sels al frij gau nei de wedstriden sjen, hoe’t it liket op
de webside

Tuskenstân nei 4 wedstriden
Nei 4 wedstriden is der al tekening yn de striid.  De toppers steane al op 27 punten, de tobbers op 6. Sjoch
hjir foar de stân fan saken. Konkluuzje: at je mei je fjouweren mar wat dogge, skoart dat goed.

Twitter
Nei it ferlies fan Nederlân binne der al wer hiel wat kenners op twitter dy’t witte hoe’t it moat.
Sa stiet it hiele Oranje op Marktplaats te keap, freegje guon sich ôf wêrom Breuer der net yn stiet, wurdt der ropt om Feite de Haan (dan komt it altiten noch krekt goed) en jout men oan dat it ferskil tusken Oranje en Denemarken is dat der bij de Denen úteinlik 2 Ajaksiden mei diene en bij Oranje mar 1.
En de kursussen “Omgean mei teloarstellingen” wie justerjûn nei in heal oere yn it hiele lân folboekt.

Midsimmer
Ferfelende omstandigheden yn Dronryp. Hast de hiele dei reinwetter. Uteinlik waard it droech en “skynde” de sinne foar FVC (hearen) en Drachtster Boys (froulju).
De finale by de mannen gie tusken FVC en Lemmer. Grutte man by Lemmer wie Marcel Schutz dy ’t yn de finale foar 2 goals soarge en 2 assits. Dochs wie dit net genôch om fan FVC te winnen dy ’t spilen mei 5 A-junioaren en in útblinkende keeper Sander Schaafsma. Lemmer kaam mei 2-0 en 4-2 foar, mar it waard úteinlik 4-4. De penaltys waard dêrnei krekt wat better naam troch FVC. Lemmer miste der ien en FVC makke se alle 5.

Materialen inleveren

Willen de leiders en trainers die nog in het bezit zijn van SDS – materialen

zoals coachjassen, sleutels, shirts, ballen, waterzak, biddons etc. deze inleveren

of contact opnemen vóór 15 juni a.s. bij/met Klaas de Haan, A. Joustrastrjitte 11,

8734 GJ Easterein, telefoon 0515-332182, e-mail: klaasenakke@ziggo.nl.

Willem Twijnstra, coördinator materiaalbeheer v.v. SDS.

Jierdei
Kevin de Haan wurdt hjoed 10 jier. Fan herte lokwinske.

Lokwinske
Bouwbedriuw Bootsma út Turns hie juster feest. It bedriuw bestiet 195 jier en fierde dat mei de klanten. Oerdei in beurs en jûns muzyk. It is tige nijsgjirrich om de
webside fan it bouwbedriuw efkes troch te neuzen.
Bouwbedriuw Bootsma is ien fan de sponsoren fan SDS.

Harsens derby (783)
Juster seagen wy him wer ris. De Van-Persie-shuffle:
Robin van persie blunder