Weppers moandei 10-5

Weppers snein 8-5
8 mei 2010
Rokjestoernooi
10 mei 2010

Seleksje SDS 4
Tiisdeitejûn spilet SDS 4 om 19.00 oere tsjin Oeverzwaluwen 4. Jelte de Boer berjocht ús te folgende:

Hjirby wol ik graach de seleksje troch jaan foar de wedstriid fan SDS 4 tsjin in keppel sweltsjes út Koudum.
Oanw:
Erwin, Jelte, Lieuwe Jan, Pieter liuwe, Remco, Harm Jan, Bas, Johan, Frans Pieter, Ronny, Hendrik, Bote, Gerlof, Steffen, Jeroen.
Wy muotte om 19.00 balje dus at de mannen der 18.45 úterlik wêze kinne dan bin ik in lojjich man.

Mei de noflike groetnis, Jelte

Nije websidesponser
Degenen dy ’t goed opletten hawwe hawwe sjoen dat wy in nije sponser foar de webside hawwe. Linksûnder sjogge jim
. Wy binne tige bliid mei dizze nije sponser en hoopje dat jim gauris efkes sjogge wat Van Der Velde slaapcomfort, wonen en textiel út Winsum allegear te keap hat.

Grutske heiten

Se sochten elkoar efkes op yn de twadde helte fan SDS 1- Bant 1: de heiten fan Tsjalling en Jelmer. Dat harren soan skoarde die harren hiel goed.

Pupillen

Sjoerd van Beem siet sneon op de bank bij SDS 1. Hij hie syn eigen pupillen fan de wike regele en sa mochten ek sij foar de lins fan Henk Bootsma syn tastel poseare. De teloarstelling wie grut dat harren held net ynfoel.

Goeie tarieding
Lieder Eddy de Boer hammert altyd op in goeie tarieding. Tongersdeitejûns net te lang neisitte, freeds sûn ite en drinke en wat op de bank ophingje en sneons foar de wedstriid spagnettie ite. Sa rûkt hij gelyk at it net allegear goed gien is bij syn ploechgenoaten. Lieder Eddy giet der fansels fan út dat elkenien sneons syn spullen wol bij him hat. It wie dan ek mear as pynlik dat krekt hij syn fuotbalskuon thússtean litten hie. De fraach is no fansels at de rest fan de tarieding wol neffens it boekje gien is bij Eddy.

Derop út!
Dizze wike sil de oare wepmaster derop út. Hy soe mei de frou en Peppi & Kokki mei de karavan fuort, mar it sil no wol in bungalootsje wurde (klik
hjir).

WK
De kompetysje sit der foar in soad ploegen op dus dat betekent dat yn Wommels it Wommelser Kampioenskip wer fan start giet:


Jas fuort
Justerjûn is myn jas fuortrekke yn de Jimbar. Ik soe dizze jas wol wer hiel graach yn myn besit krije dus soe der miskien in oprop kinne op de webside?
It betreft in swarte winterjas fan it merk Jack & Jones werby de kraach der ôfknoopt wurde kin.
Wa’t justerjûn dizze jas per ûngelok meinaam hat kin him/har melde op 06-54385633
Alfêst tige tank!!
Groetnis Dirk-Yde


Hatsikidee!
It mei dúdlik wêze dat SC Heerenveen no al de winner op de transfermerke liket (klik
hjir).

Gearkomst TC/JC SDS
Beste leiders/trainers,
Het voetbalseizoen is nu voor bijna iedereen afgelopen en voor ons als JC/TC van SDS een goed moment om samen met jullie nog even terug te kijken. Maar we werpen onze blik ook alvast vooruit want de voorbereidingen voor het nieuwe voetbalseizoen zijn al in volle gang.
We willen jullie dan ook allemaal van harte uitnodigen voor het bijwonen van de 3e en laatste leiders/trainersvergadering van dit seizoen op woensdag 2 juni a.s. om 19.30 uur in het verenigingsgebouw “De Skoalleseize” in Easterein. 
Op de agenda staan de volgende punten:

          Mededelingen JC/TC

          Winterprogramma

          Evaluatie 2e seizoenshelft

          Teamindelingen seizoen 2010/2011 (onder voorbehoud)

          Inleveren materiaal

          Rondvraag/sluiting

We zien jullie graag op woensdag 2 juni!

Hartelijke groet,

TC/JC SDS

Bij afwezigheid graag afmelden bij Rudy Dijkstra (06-22916180) of Ab Scheepvaart (332604)

Harsens derby (211)
Van Gaal tocht ûnder de tradisjonele bierdouche út te kommen, mar hie net yn de gaten dat Van Bommel spesjaal foar him syn bier bewarre hie:



Letter mear!