Weppers snein 8-5

Utslaggen 8-5
7 mei 2010
Weppers moandei 10-5
9 mei 2010

Pupillen fan de wike
Henk Bootsma hat juster wer foto’s makke en dy binne
hjir te sjen. Sa kamen de pupillen fan de wike ek op de foto en wij binne benijd wa’t dit binne. Oh ja, de pupillen steane links op de foto.

Arnout Meijer mei Jelmer.


Wytse Yntema mei Jaap.


Neikompetysje
Om ’t it kampioenskip yn de Reserve-1e-Klasse wêr ’t SDS 2 yn fuotballet noch net beslikke is(Harkemase Boys en Staphorst wûnen juster beide en stean lyk) is it ek noch net wis tsjin wa as SDS 2 yn de neikompetysje moat. It is wol wis dat sy kommende sneon 15 maaie en tiisdei 18 maaie fuotbalje moatte. Mooglike tsjinstanners binne Noordscheschut 2, CVVB 2 en Meppel 2.
Staphorst 2 en Harkemase Boys 2 spylje tiisdeitejûn harren beslissingswedstryd om 19.30 yn Heerenveen op sportpark Skoatterwâld.

WK
De kompetysje sit der foar in soad ploegen op dus dat betekent dat yn Wommels it Wommelser Kampioenskip wer fan start giet:


Op de boat
Oer Skelte krigen wij dizze wike al troch dat hij goed itensiede kin. Dat hij ek goed fuotbalje kin bewiisde hij sneon. Spesjaal oerkommen fan Skylge spile hij in goeie pot en om 19.45  stapte hij wer op de boat nei Skylge.

Der ôf
Wij gunne alle SDSérs ek dizze simmer wer in soad earsten. Mar wij wiene bliid dat Feiko te min earsten helle om in omloop troch te kommen bij de earste klasse yn Wjelsyp. Sa wie hij moai op tiid om lofts efter te spyljen bij SDS 1.

Foto’s
Wij tinke dat der bij it ûntwikkeljen fan de foto’s wol wat leuks bijsitte sil fan it feest en it ôfskie. De kommende wike it resultaat.

17 jier
17 jier lang kaam Siem Sikma hast wykliks om SDS 1 te sjen. De lêste jierren skreaun hy fan alle wedstriden fan SDS 1 in stikje foar op de webside. Hjoed komt syn lêste stikje. Nei de simmer sil Siem net mear eltse wike by SDS komme. Siem wol mei de piip oan de natoer yn. Wy wolle him tankje foar syn prachtige stikjes en hoopje him gau wer ris te treffen!

Heit-dochter toernooi
Hiel binnenkoart spylje de SDS Da2 tsjin harren heiten. Wannear it krekt is dat witte wij net mear, mar wij krije dat fêst noch wol in kear troch. Wij tinke dat de Da2 winne, want sjogge wij allinne al nei de famylje Plantinga dan skatte wij Jits Spits wat heger yn as Jacob Jicht.

Regiorokjestoernooi
Hjoed is yn Easterlittens it
RegioRokjeToernooi. It begjint om 13.00 oere. Wa’t net fan rokjes hâldt, kin om 14.00 oere it al promofearre Littens tsjin kampioen Harlingen spyljen sjen en dêrnei komt Sipke de Boer ek noch te sjongen.

Kampioen!
Durk de Jong draait in knap seizoen. mei SDS 2 helle hy de neikompetysje en as fersoarger fan FVC waard hy juster kampioen yn de 1e-Klasse sneins.

Jas fuort
Justerjûn is myn jas fuortrekke yn de Jimbar. Ik soe dizze jas wol wer hiel graach yn myn besit krije dus soe der miskien in oprop kinne op de webside?
It betreft in swarte winterjas fan it merk Jack & Jones werby de kraach der ôfknoopt wurde kin.
Wa’t justerjûn dizze jas per ûngelok meinaam hat kin him/har melde op 06-54385633
Alfêst tige tank!!
Groetnis Dirk-Yde

Noch ien kear traine?
As it oan Dick Schuurman leit dan wurdt der dit seizoen noch ien kear traind troch de A-seleksje om it seizoen ôf te slúten. Dit soe dan op tongersdei 20 maaie wêze. Mooglik tegeare mei de B-seleksje. Mocht dit oangean dan lêze jim it hjir.

Indonesie

De SDS site is ek yn Indonesie goed te folgjen! Dus SDS-nijs hifkers krije ek in positief reisadvies nei Indonesie.
Foar hyvers, mear foto’s stean op hibma.hyves.nl
Folle wille op de slotjun fan it seizoen, hie dr graach by weze wollen!
Groeten,
Sytse Hibma (SDS 6)

Harsens derby (210)
Gean der mar efkes rêstich foar sitten. Yn de Skotse Premier League waard Motherwell en Hibernian foarige wike 6-6. Der siet alles yn dizze wedstryd sa as b.f. in miste strafskop by 5-6 en in prachtige goal as ôfslúter: