Sneon 29-2-2017

Weppers freed 28-4-2017
28 april 2017
Weppers moandei 1-5-2017
1 mei 2017

 

9:00 SDS JO11-1 – Franeker SC JO11-2  6-3
9:45 SDS JO17-1 – Makkum JO17-1  4-0
10:15 SDS JO15-2 – VIOD JO15-1Gd  1-6
12:00 ST SDS/Scharnegoutum’70 JO19-1 – LSC 1890 JO19-1  0-3
12:00 SDS JO15-1 – Akkrum JO15-1  2-6
14:30 SDS 1 – Workum 1  1-2
14:30 SDS 4 – Heeg 3  1-3
12:15 Nijland 2 – SDS 2  2-4
12:30 Blauw Wit ’34 JO11-11 – SDS JO11-4  7-1

SDS 1 – Workum 1

In twadde helte foar SDS supporters om fan te smullen.
SDS kombinearde der feardich op los en kreearde de iene nei de oare kâns.
Prachtige oanfallen en doelripe kânsen mar de doelman fan Workum gunde SDS de punten seker net. Kânsen mei ôfstânskotten en aksjes ien op ien, it makke him neat út, hij tikke oer, neist of kearde klemfêst of mei help fan in ferdigener.
Op ien skot nei. Yn de 77ste minút. Dat wie fan Wiebe Heeres.
Sa kaam SDS fertsjinne op 1-1 en like ek noch troch te wollen nei de 2-1.
Mar dat waard it net.
Fier yn blessuretiid doarde Workum wol nei foaren en krige SDS it deksel op de noas en Workum de punten foar “behâldend ” fuotballe tsjin 10 man.
Want yn de earste helte wie de basis lein wat er yn twadde helte op de matte kaam.

Oan de 38’ste minút hie keeper Jaap Toering ien redding dwaan moatten en hie Jelmer Posthumus foar SDS op de latte kopt. SDS wie wat mear yn de oanfal oant minút 39.
In te sêfte weromspylbal resultearre yn it duel tusken oanfaller en doelman Jaap Toering. Doelman rekket de bal en net de man (eigen waarnimming) mar skiedsrjochter fluitet foar oertreding. Skiedsrjochter kin dan net oars as read jaan oan de doelman en Pieter Sytsma moat syn wite sjurt ruilje foar in donker sjurt en docht de wanten oan.
Syn earste aksje moat wêze de frije traap krekt bûten de 16 te kearen. Jacob Klaas tocht wierskynlik dat hij op it doel stie mar dat stie hij net. Hij stekt de hân út en dat is dus hands en in strafskop foar Workum. SDS wie oanslein troch safolle tsjinslach en it wie mar goed dat it skoft wie. Nei it skoft seagen wij it beste fan SDS.
Net fan de skiedsrjochter trouwens. Hij hie noch in strafskop jaan moatten oan SDS doe’t Lourens van der Pol binnen de 16 ûnderút kegele waard.
Giele kaarten wiene der foar Jacob Klaas, dy’t net syn meast gelokkige middei belibbe en Lourens van der Pol. Feite de Haan wie al nei in kertierke útfallen mei in rêchblessure
Sjoen de omstannichheden hie in puntsje moai west, mar mei dit moraal en dizze ynset kinne je posityf nei it ferfolch sjen. De kompliminten foar de teamgeast….mar dizze apels binne sûr…
Aant

Nijland 2 – SDS 2

Voor sds 2 stond vandaag alleen de eer op het spel. Een derby wil je uiteraard altijd winnen, ook al “heb je de punten niet meer nodig”.

Toch ga je anders de wedstrijd in als er nog niks beslist is.
Gelukkig was daar niets van te merken toen we eenmaal begonnen waren.
Nijlan liet ons “rustig” voetballen en in de 17e min zet Bote de bal knap voor en Dirk rond beheerst en knap af. 0_1.
In de 35 e min scoort Dirk zeer fraai de 0-2, als iemand weet hoe lang het geleden is dat Dirk 2x scoorde in 1wedstrijd, mag het mailen. 😜
Binnen de minuut scoorde Arjen prachtig de 0-3.
In de tweede helft een iets ander beeld, SDS “geloofde” het wel, logisch, dat sluipt er langzaam in, en Nijland probeerde nog wat, maar was niet echt bij machte…
Tot aan de 23e min was er niets aan de hand, maar Marten verkeek zich iets op een vrije trap die er uit het niets in 1x in draaide.
In de 38e min kwam Nijland zelfs op 2-3 en roken ze, uiteraard,  bloed.
Verder kwamen ze niet, en doordat ze toch probeerde de gelijkmaker te forceren, kregen wij meer ruimte en met de snelle Tjeerd die knap Willem aanspeelde, scoorde die de 2-4.
Met volgende week weer een derby (WPB thuis)  voor de boeg en nog steeds maar 1 verliespartij, komt het einde van een fantastisch seizoen erg dicht bij.

Boudewijn Kramer

SDS 4 – Heeg 3      1-3

Wat oan de iene side fan de kantine it euvel wie en wêr’t de measten minsken nei stiene te sjen, wie oan de oare kant ek it probleem. Kânsen net ôfmeitsje en sa ferlies SDS 4. Doelpunt wie fan Eeltje Postma

SDS JO15-1 – Akkrum JO15-1: 2 – 6

Inklusief bekerwedstriiden wie it juster de 26e wedstriid foar de jongens fan de JO15-1. En alwer in drege tsjinstander, de koprinner Akkrum. Freedtemidje krigen we it berjocht dat Luka siik wie en net fuotbalje koe. Skande, want we kinne him eins net misse. Mar siik is siik, der kinne je neat oan dwaan fansels. Sander fuotballet dit seizoen ek net mear troch in ferfelende hamstring blessure. Tsja, en 13 – 2 = 11, en dat hald dus net oer.
Gelokkich koe en woe de JO15-2 us (alwer) helpe, troch Kevin en Gerrit troch de skowen net harren eigen wedstriid. We wiene iets behaldend oan de wedstriid begongen en dat stie eins best wol goed. Akkrum hat net in hiele geweldich ploeg, mar wol in oantal goeie fuotballers. En harren grutte, sterke nr. 9 makket der it ferskil. Dochs koene Eeltsje en Wiltsje him aardich bedwinge. Sawiesa stie in efterien wol goed. Michael en letter Ruerd diene it prima op de rjochtsback.
En us linksback, Anco, spiele ek in hiele beste wedstriid. We komme wat ungelokkich op efterstan, ut it hoekskop dwarrelt de bal oer Jeffrey hinne. Foar rest falt ek noch de 0-2, wat eins ek wer net hoechde. Mar de jongens litte de kop net hingje en fuotbalje lekker troch. Ek wy krije seker wol kansen. Ut ien fan us oanfallen makket in ferdiediger fan Akkrum hands yn it 16 meter gebiet en de bal komt op ‘e stip. Anco giet der efter stean en makket de oanslutingstreffer. Perfecte timing want fuort dernei is it rest. De twadde helte hiene we ofpraat om it noch efkes sa (behaldend) stean te litten. En potverdikke, we krije wer kansen en Stan makket knap de 2 – 2.
Dit binne se net went by Akkrum en we krije sawier ek noch in grutte kans op 3 – 2. En wat hie der dan bard. We sille it nea witte, want de grutte spits fan Akkrum makket efkes letter de 2 – 3. Dernei kryt Akkrum in kadootsje yn de foarm fan in frye traap op de 16 meter. Dizze sylt der ek noch yn en sa stiet it samar 2 – 4 en is de wedstriid spyle fansels. Dan kinne we twa dingen dwaan. Mei syn allen foar de goal hingjen gean en de skea beheind halde of it leste kertier op de oanfal en probeare om noch in goaltsje te meitsjen. Foar us gjin moeilike keuze; dus op de oanfal mei it gefaar fansels noch in pear om de earen te kryen. Want ja, dan komt der romte efterien by us.
De grutte spits makket yn it lest dankber gebruk fan de untstiene romte. Foar de statistieken makket hy der noch 2, sadat de utslach dochs noch wol grut wurd. Mar us jongens hawwe it mear dan goed dien. Eltsenien in dikke foldoende, mei Anco Bervoets as utblinker. Foar my juster “man of the match”. Nye wike geane we nei Flevo Boys yn Emmeloord, dernei BlauWyt thuis en de wike derop de leste wedstriid ut tsjin Oudega/Heeg/Hommerts/Jutryp en omsteken. En dernei ………………………………? Dan is it simmerstop !!!
Theo.