Weppers moandei 1-12

D1 kampioen
30 november 2014
Weppers tiisdei 2-12
1 december 2014

SDS Vr2 yn byld
Vr2 wiene sneon yn Frjentsjer en dat is aardich op byld fêstlein troch Marcel Teensma. Sjoch
hjir.

SDS 2 pakt punt
SDS 2 hat sneon thús mei 2-2 lykspile tsjin CVVO 2. Yn de earste helte kaam CVVO foar troch in goal út in penalty. Doe ’t it krekt nei de rêst ek noch 2-0 waard foar de Lemsters like de wedstryd spile. Mooglik krige SDS 2 ynspiraasje fan de nije trainer Piet Roersma dy ’t de wedstryd as supporter seach, want Pieter Kamstra skoorde út in penalty de 2-1 en it waard troch him sels ek noch 2-2. Dêrnei koe de wedstryd alle kanten op, mar bleaun it 2-2.

Slachfjild
It like by SDS 2 – CVVO 2 ôfrûne sneon op in gegeven momint wol in slachfjild. Earst ferdraaide in Lemster syn knibbel en net lang dêrnei rûn Allert Turksma by in Lemster elleboog op. Beide seagen de wedstryd dan ek út fanút de as EHBO-post omboude bestjoerskeamer. Meastentiids stiet dêr cake en kofje op de tafel. No lei der in brancard en Paracetamol mei wetter…..

Ynsjurts opteare

De inloopshirts van A1 worden door Baukje gevouwen op de “Sheldon Cooper” manier.

Scharnegoutum E2 – SDS E5 (11-1)
It wie ferrekte kâld op en om it fjild. Dus elts dy’t yn de trainingbroek spielje woe mocht dat wat my betrof wol dwaan. Hjoed foar it earst in nije spiler yn it fjild en in nije keeper.
Dus it wie allegear efkes ôfwachtsjen hoe’t dat gean soe. Mar nei 1 minuut spieljen stiene wy troch in prachtig skot fan Milan al 1-0 foar. Dernei gie it ferrekte moai gelyk op. Sawol SDS as Skearnegoutum spielen sterk en beiden wiene gefaarlik foar de goal. Wy hiene gjing wiksels yn de efterhoede. Pieter en Niels krigen de opdracht om de boel goed ticht te hâlden. En dat diene sy goed. Ek de dames fan E5 stiene sterk te spieljen en giene de duels mei de grutte jongens fan Skearnegoutum net út de wei. Toch wie it Skearnegoutum dy’t de goals makke en SDS net. Ja, ien kear makken wy nog in goal mar dy waard ôfkeurd omdat folgens de skeids de bal net oer de lijn wie. Us spilers wiene wis fan wol, mar oké, skeids beslist! 4-1 efterstân de rêst ien.
De twadde helte wie iets minder en Skearnegoutum pakte syn kânsen en makke al gau de 5, 6 en 7 – 1. Ja, dan kin je nog sa je bêst dwaan en kânsen kreëre. Mar as ús spitsen de klus net ôfmeitsje en dy fan Skearnegoutum wol dan sakket de moed je as middenfjilder en efterhoede wol yn ‘e skuon. Logisch dat ús kanon Pieter dan ek wolris tocht: Wist wat! Ik slalom fan efter nei foaren en sjit dan sels mar ris op de goal. Helaas kaam dêr ek net in doelpunt út, mar ik begryp syn aktie wol! Hjoed ek de spilers dy’t minder ynset sjenlitte es wat faker wiksele mei spilers dy’t wol foar in oerwinning gean. Wit net as it oerkomt, mar dat sil de tiid leare. Hoe dan ek, 1 keunstgêrseuro fertsjinne. Mar goed dat de tsjindoelpunten net as debet telle.
 
Herman

Utskiten bakje kofje
Dirk Yde en Imke van der Leest binne noch altiten ûnderweis op in trip fan in moanne as trije.  Diel 4 fan harren blog hjir
Utskiten bakje kofje.

Feyenoord

It wie juster kâld op it sportpark, alle reden dus om in mûtse op te setten. In mûtse ropt wolris wat kommentaar op mar dy fan Geert Hiemstra seker. Wat wolle je ek at je dy mûtse ek yn de kantine ophâlde en at dy fan syn favorite klup is. Se leveren allegear kommentaar mar Geert joech antwurd mei ien fraach: hawwe jim tongersdei einliks ek wer genoaten fan it fuotbal…….
En doe wiene se stil en lei Geert it allegear noch ien kear út. 

Harsens derby(1384)
Alderaardichst goaltsje!