Weppers tiisdei 2-12

Weppers moandei 1-12
30 november 2014
Eameladressen yn Sportlink
2 december 2014

Trainingsfjild
It trainingsfjild efter de sporthal is sleept. Wy hoopje dat it fertúten dien hat.

Standen
De standen fan de fjildalvetallen binne
hjir te sjen.

Winterskoft
It keeperstrainen fan de F’kes, E’tsjes en de D ‘s sit yn de winterstop. Der is dus gjin keeperstrainen. Jim heare wol wannear ’t it yn it nije jier wer begjint.
Theo en Marco

Taart

De broerkes Luuk en Sije van der Schaar wiene dit wykein jierdei. Dêr past fansels mar ien taart bij; in echte SDS taart…..

Trainer SDS 2 mei tank oan Wheagan
Piet Roersma makket jûn syn debút as trainer fan SDS 2. Fanôf hjoed sil hy de B-seleksje traine op tiisdei en tongersdei en sneons by de wedstriden begeliede. Om fan  syn wenplak Dronryp yn Easterein te kommen makket hy gebrûk fan in lienauto fan Wheagan. Wêrfoar tige tank!

Kâld
D
Dit wie it byld sneon bij SDS 1. De jeugd bij it stek dy’t it skynber net kâld hie en de rest  yn de lijte fan de waarme kantine mar wol oan de goeie kant fan it rút.

Movember
Om oandacht te freegjen foar prostaat- en teelbalkanker hawwe wy hjir yn de moanne novimber op de webside oandacht skonken oan Movember. Inkelde SDS’ers hawwe de hiele moanne drok oan it sparjen foar in krease snor. Wy hienen hoopt om in moai snorre-alvetal meitsje te kinnen mar dat is net hielendal slagge. Dochs hawwe wy in pear prachtige foto’s krigen. Dizze sille jim yn de folgende Treffer sjen kinne. Hjir al efkes de foto’s fan inisjator Sjoerd van Beem. En folgend jier allegear meidwaan!
 

Mei snor, sûnder snor………….
Wy sjogge no al út nei Movimber 2015!


Harsens derby(1384)
Knap goaltsje yn de 1e-Klasse: