D1 kampioen

Weppers snein 30-11
29 november 2014
Weppers moandei 1-12
30 november 2014

SDS D1  –  Leovardia D3  13  –  0  


Wat wie it kâld ôfune sneon. En dan al om 8.45 oere de kampioenwedstryd spylje tsjin de nûmmer lêst Leovardia út Ljouwert.  Mar om 8.35 oere hiene wy noch net ien fan de gasten út Ljouwert sjoen. Soene se wol komme, mar gelokkich wiene se noch krekt op tiid. Troch omliedings by de Heak fan Ljouwert hiene se wat opúnthâld han.  Uteinlik koe skiedsrjochter Foeke de wedstryd om 8.50 oere yn gong sette. Dit únder grutte belangstelling fan heiten, memmen, broerkes, suskes, pakes, beppes en oare leafhabbers.  Dêr stie sels in grutte beker op de dug-out. Mar de wedstryd waard eins nea in echte wedstryd. Derfoar wie it ferskil tusken SDS en Leovardia gewoan fierst te grut, sawol fysiek as fuotbaljend. Mei rêst stie de teller dan ek al op 6 troch 3x Stan, 2x Tjerk en 1x Luka. Yn ‘e rêst krigen wy as lieders noch in kadootsje mei in prachtig gedicht, makke troch Sint en Piet Hazewindus.  Nei de waarme thee wie de twadde helte allinich noch mar in formaliteit. Us keeper Jeffrey hie hielendal neat te dwaan en dêrom ha we him healwei de twadde helte yn ‘e spits setten. En Jeffrey kin net allinich goed keepe, mar hy kin ek in goal meitsje. De earste de bêste bal die hy kriig, skeat  hy derien. Fierder wiene it noch Stan, Merijn, Michael, Ruerd, Sander en Gerhard die skoarden. Uteinlik fluitte Foeke 5 minuten earder ôf, mar doe stie it dus al 13- 0 !!!! In bytsje jammer dat yn dizze kampioenswedstryd it ferskil sa grut wie, mar kampioen wurde je fansels oer in hiel seizoen. Omdat it sa kâld wie, gau nei de klaaibox. Der waarden de medailles útrikt en koene de mannen ûnder de waarme brûs.

 

Dernei stie Bonne Wiersma klear mei trekker en wein om it tradisjonele rúntje troch it doarp te meitsjen. Underweis waard der út folle boarst (net altiid like súver) songen oer it behelle súkses. Nei it runtsje Easterein krygen de mannen noch patat en drinken yn de kantine. Under it patat iten waard der al wer praten oer nye wike : “Dan moatte we tsjin Boalswert en die westryd wolle wy ek winne !!! ” Om healwei ienen gie elts mei in goed gefoel nei hús ta. It wie moai west !!!

Theo.