Weppers Krystborrelfreed

Weppers tongersdei 19-12
19 december 2013
Weppers snein 22-12
21 december 2013

Winterskoft?
Alle teams fan SDS hawwe no winterskoft wat de kompetysje oanbelanget útsein SDS 2. SDS 2 spilet sneon thús om 14.00 tsjin Zwaagwesteinde. As it net ôflast wurdt yn elts gefal.

Gjin winterskoft?
Wij ha begrepen dat de Efkes Ballers, dy’t dizze wike fan Tjerk van der Pol op twitter de measte punten krige foar de útferkiezing fan “ploech fan it jier”, jûn noch efkes lekker baljen geane. Dus wa’t it jier op it fjild noch efkes útbalje wol is wolkom.


SDS 2 – Zwaagwesteinde 2
13.00
: der wêze
14.00: fuotbalje
Wietse, Harm, Ayanle, Bauke, Jelte P, Feite,Anne, Bote, Jort, Tjeerd, Ralph, Jesse, Willem, Gert Jan Hiemstra
Flagger: Klaas de Haan
le, Bauke, Jelte P, Feite, Anne, ote, Tjeerd, Ralph, Jesse, Willem Flagger: Klaas de Haan?
Winterskoft(2)
As alle teams fan SDS ek winterskoft hawwe oanbelangen it trainen witte wy net. SDS 1 hat ôfrûne wike yn elts gefal al net mear traind, mar wy heare wolris dat der noch wol wat jeugdteams binne dy ’t bûten traine.

Foarrondes FK seal foar SDS C1
SDS C1 spilet moarn syn foarronde foar it Frysk kampioenskip seal yn Frjentsjer yn de sporthal yn Easterein. It begjint om 9.00. Wier de muoite wurdich om efkes te sjen.
It wedstrydprogramma sjocht der sa út:

9:00 Mulier C1 – Makkum C1 –
9:16 Bolsward C1 – LSC 1890 C1 –
9:32 Makkum C1 – SDS C1 –
9:48 LSC 1890 C1 – Mulier C1 –
10:04 Bolsward C1 – SDS C1 –
10:20 LSC 1890 C1 – Makkum C1 –
10:36 Mulier C1 – Bolsward C1 –
10:52 SDS C1 – LSC 1890 C1 –
11:08 Makkum C1 – Bolsward C1
11:24 SDS C1 – Mulier C1 –

De bynamme fan Jaap
By VV Nijland hienen sy juster ien of oare kennistest. Ien fan de fragen dy ’t foarby kaam wie:
Permalink voor ingesloten afbeelding
Dat is in makky fansels:


Help de Rabobank SDS stypjen!
Dizze hiele moanne kinne je noch helpe om de Rabobank SDS stypje te litten. Sjoch hjir mar ris.

Alderaardichst
It is apart, mar “Tim” Immers wie woansdei al op de hichte dat Feyenoord yn de folgende ronde fan de beker tsjin Ajax moat:
Afbeelding weergeven op Twitter

Harsens derby(1174)
Dizze komt yn elts gefal op it listje fan moaiste goals yn 2013: