Weppers snein 22-12

Weppers Krystborrelfreed
20 december 2013
Sealkompetysje 2014
23 december 2013

Sealkompetysjes
De kommende tiid binne der meardere ploegen fan SDS dy’t hjir of dêr meidogge oan kompetysjes of toernooien. It soe moai wêze at wij ek dêrfan de útslaggen of oars wat fan binnen krigen op ús emailadressen.

D1
Mannen van D1 hebben gestreden voor wat ze waard zijn. Coach Durk deed er alles aan en toch 4x ten onder. We beschouwen het kersttoernooi maar als training voor de zaalcompetitie. 
Jopie, sterkte met de enkels. We hopen dat je snel weer speelt!
Tjerk

C1
Wij soene ús best foarstelle kinne dat der fan C1 ek wol wat te melden is nei in moarn sealbaljen yn Easterein.

Krystsealtoernoai Frjentsjer
Inkelde SDS’ers en SDS’ers om útens spylje dogge ûnder de namme SDS mei oan it Krystsealtoernoai yn Frjentsjer. Mei Jaap Toering as koach en Sjoerd van Beem op goal spilen Tsjipke, Jacob-Klaas, Feite, Wytze, Freek, Jehannes en Willem harren earste 5 wedstriden yn de foarrondes. Sy wûnen alle 5 wedstriden. 2e-Krystdei wurde de rest fan de foarrondewedstriden spile en dêrnei fansels de finales.
SDS – Devicamp 4-1 Freek Tichelman(2), Wytze Lanting, Tsjipke Okkema 
SDS – Maxstuc 1-0 Johannes Tichelman 
SDS – De Strúners 2-1 Johannes Tichelman, Wytze Lanting 
SDS – Leo Reitsma/H 7-0 Wytze Lanting (2), Freek Tichelman (2), Feite de Haan, Tsjipke Okkema, Johannes Tichelman (1 assist Sjoerd van Beem) 
SDS – Phone House 3-1 Johannes Tichelman, Freek Tichelman, Wytze Lanting

De Treffer
De Treffer kin elk momint besoarge wurde of is al besoarge. Hij is yn alle gefallen klear en leit no bij de besoargers.

Ôflast?
Juster om 11.42 krigen de wepmasters it berjocht dat der net fuotballe wurde koe yn Easterein y.f.m. in te wiet fjild. Dit wylst it fjild al om 9.00 keurd wie…………. De postdo sil wol yn de wyn hân hawwe………

Blues
Ek dit weekein kinne wij it net litte om in muzyktip te jaan. Jim hoege der net fier foar te reizgjen. Roadhouse Bluesband spilet fannemiddei yn Noflik op de Blues Cruise.

Fryske kroechkwis
Op 10 jannewaris is der in 
praatmarFrysk kroechkwis yn Easterein. Dat kin best in hiel aardige jûn wurde. En wij kinne jim no al ferklappe dat de wepmasters ek meidogge yn in 5 mans team mei Ype T, Lolke H en Durk O.
Sij sille it yn alle gefallen opnimme moatte tsjin it Aaipop bestjoer mar hoopje op noch folle mear SDS teams

Harsens derby(1175)
Wat in alderaardichst lekkere goal!