Weppers freed de 13e

Seleksjes 14-12
13 december 2013
Utslaggen sneon 14-12
13 december 2013

Efkes Balje
Se geane oan it “bittere kâlde” ein troch de Efkes Ballers. Noch lang net útballe yn 2013. Dus jûn om 19.30 oere ….

Programma sneon

12:30 SDS E4 – Bolsward E8 H. de Hoop
14:00 SDS 3 – Woudsend 2 A. Eringa
14:00 SDS A1 – GAVC A2 F.H. Albada
11:15 Annapar St. MC1 – SDS MC1
12:30 ST Dronrijp A2 – SDS A2
14:30 SC Berlikum 1 – SDS 1 J.H. Schuring
14:30 Kollum 2 – SDS 2 G. v/d Weide
14:30 HJSC 2 – SDS 4

SDS-sealoernoai E-pupillen
Sneon is der yn de sporthal ek noch in toernooi foar E-tsjes. Sij koene harren opjaan fia in oanmeldformulier. 
Eltsenien wurdt om 9.00 yn de sporthal ferwachte.

SDS-Krystsealtoernoai foar froulju en famkes
It jierlikse sealkrysttoernoai foar de froulju en famkes fan SDS sil dit jier plakfine op freed 27 desimber. It sil fan 18.30 oere oant ûngefear 22.30 oere duorje en is foar de dames, mc1 én mc2. Opjaan kin by Neeltje de Boer en kin oant snein 22 desimber. WhatsApp of belje nei 0620991508 of mail nei neeltjedb@gmail.com Ek sykje wy hjirfoar noch skiedsrjochters, liket dit jo leuk? Nim dan kontakt op mei Neeltje.

Hylke Schrale tekent by
Âld-trainer fan SDS 2, Hylke Schrale, hat syn kontrakt by SC Bolsward mei in jier ferlengd. Dit kamen wy tsjin op de webside fan SC Bolsward.

Krystmerke
Mochten jim jim freedtemiddei of freedtejûn ferfele dan is in besite oan de
krystmerke yn Easterein in opsje.

Lekker waarm
De E’tsjes fan E4 meie moarntemoarn earst noflik sealfuotbalje fan 9 oan ’t in oer as 12. Dêrnei binne sy lekker waarm om om 12.30 bûten tsjin SC Bolsward E8 te fuotbaljen.

Kollum moarn , Kollum oan……
SDS 2 is hast wol wer ris oan in oerwinning en dogge moarn Kollum oan, mar dus net “kollum” oan……

Alderaardichst
fashion2

Harsens derby(1169)
Soks bard je fansels allinnich mar op freed de 13e…….