Utslaggen sneon 14-12

Weppers freed de 13e
13 december 2013
Weppers moandei 16-12
16 december 2013

GNT
Yn Easterein is alles ôflast. It wetter fan fannacht hat der foar soarge dat der allegear plassen op it fjild steane. Helaas gjin fuotbal yn Easterein.

Programma sneon

12:30 SDS E4 – Bolsward E8 g.n.t.
14:00 SDS 3 – Woudsend 2 g.n.t.
14:00 SDS A1 – GAVC A2 g.n.t.
11:15 Annapar St. MC1 – SDS MC1 0-5
12:30 ST Dronrijp A2 – SDS A2 3-2
14:30 SC Berlikum 1 – SDS 1 3-1
14:30 Kollum 2 – SDS 2 4-0
14:30 HJSC 2 – SDS 4

4-0

MC1  kampioen
Vandaag een mooie wedstrijd gespeeld in
St. Annaparochie. Binnen 5 minuten maakt Tjitske de eerste goal. We hebben een super fanatiek SDS team in het veld staan!
De ergste spanning is nu weg en we zien mooi voetbal. Na deze goal volgen er nog 4; Jeska, Ilse, Alize en Tjitske scoren allemaal (nog) 1 keer. Alize houdt haar doel keurig schoon.
Het filmpje laat zien wat deze keeper nog meer kan.
De 4e goal maakt Alize; ze neemt de penalty voor het team.
Na de overwinning terug naar Easterein. Terwijl we toegezongen worden door Queen (we are the champions) eten we heerlijk patat in de kantine. En daarna heeft iedereen in Easterein en Wommels  ons kunnen horen zingen en toeteren. De tocht op de kar maakt dit kampioensfeest kompleet.
Een geweldig meidenteam dat welverdiend kampioen is geworden!
Jacomien

Berlikum 1 – SDS 1 
De lêste wedstriid foar de winterstop hat SDS gjin punten opsmyten: 3-1 ferlies yn Berltsum.
SDS begong yn it earste kertier mei goed spul, mar echte kânsen kamen der nog net. Oan de oare kant wol, want Jacob-Klaas koe in bal nog krekt fan de line helje en keeper Jan Stenekes stie te plak by in frije kopkâns. Dernei slagge Jelmer Posthumus it net om SDS oan de leiding te bringen. Nei een healoere kaam Berltsum dochs op 1-0. Op in skot fan Berltsum gong Jan Stenekes iets te betiid nei de grún en de bal plofte der yn. Jacob-Klaas hie de lykmakker fan tichtby op syn linkerskoech, mar de bal gong njonken de goal. Nei de rêststan fan 1-0 luts SDS fuort nei foarren. Nei fiif minuten yn de twadde helte krige SDS lyk een skerpe counter om de earen en dat betekene 2-0. Yn de 60e minút moast Berltsum mei 10 man fierder neidat harren ferdediger Jelmer een klap joech. Tsjin de 10 man fan Berltsum koe SDS te min ôfdwinge. Mark kopte krekt neist en Jelmer syn skot waard blokt. It lêste kertier mocht SDS ynfal-keeper Jan Stenekes betankje dat de skore net grutter waard, omt hy in oantal knappe rêdingen hie. Yn de slotfase beide dochs noch in doelpunt. Earst de 3-0 troch it earste balkontakt fan in ynfaller oan Berltsum-kant. Mark Postma tekene foar de 3-1 einstân mei een rake kopbal.
Grietzen

Kollum 2 – SDS 2 4-0
It slagget SDS 2 mar net om de boel wer op de rails te krijen. No waard der mei 4-0 ferlern fan Kollum. Ek dizze kear stie SDS 2 nei 2 minuten alwer mei 1-0 efter. Hooplik kin SDS 2 kommende sneon thús tsjin Zwaagwesteinde de earste helte fan it seizoen dochs noch in bytsje goed ôfslúte. Hooplik binne sy dan ek wer wat kompleet. Ôfrûne sneon misten der sa’n 5 basisspilers.

Dronrijp A2 – SDS A2  3-2
Doelpunten fan Foeke en Douwe.

Efkes Balje op freed
freed wiene der wer genoch spilers om te baljen,it waar wie prachtig .
de hesjes utdielt troch undertekende en we koene los,de mannen sunder hesjes wiene wat sterker en al tige gau waard untdutsen dat dit net koe.good old wouter offere him op en gie bij de mannen mei de hesjes spiljen.doe wie it spul wer aardich liikwichtig.der waard leuk balle en de sinnen wiene goed . Nei een ûre spiljen sa as gewoonlijk wer de twa beslissende en winnende goals en dizze twa waarden makke troch Johan, nei goed foarwurk fan Wouter en der mei eindige dizze striid.
johan hie my hjir een mailtsje oer dien ,dus bij deze.
Efkes wat oars noch, no at de winterstop yn fallen is wurdt der op sneon net mear balle dus kinne de minsken die no frij binne freed te jûn wol efkes balje at se nocht en sin ha en at it waar en de fjilden it ta litte want der  kinne noch wol een pear bij.
Pieter