Weppers freed 9-9-2022

Weppers tongersdei 8-9-2022
8 september 2022
Sneon 10-9-2022
10 september 2022

SDS bekert thús

Moarn bekert SDS 1 om 14.30 oere thús tsjin Marrum 1. Op voetbal.nl stiet Marrum 1 – SDS 1 mei as akkomodaasje Sportpark De Skoalleseize. It is dus yn Easterein.

Oefene

SDS 1 hat juster oefene tsjin Wykels-Hallum 1 en wûn de wedstriid mei 6-1. By de rêst wie it noch 2-1. It gie yn de twadde helte op in gegeven momint tige hurd mei de goals. Hendrik de Jong(2x), Wesley(2x) Kevein den Haan en Douwe-Jan skoorden foar SDS.
De moaiste goal wie fan Wykels-Hallum. In prachtige streep fan sa ’n 20 meter ôfstân.

Pechfûgels

Klaas Overal krige ferline wike in blaasontsteking en moast it jubileumwykein yn it sikenhûs ferbliuwe. Tige spitich dat dizze SDS’er yn ierren en sinnen hjirtroch net op it SDS-jubileum oanwêzich wêze koe. Wy hawwe fernaam dat it ynmiddels wer bêst mei him giet.

Stefan van Krimpen hie him opjoen foar it jubileummikstoernoai en de barbekjoe, mar Stefan helle de barbekjoe. By it fuotbalmikstoernoai foel hy al nei 20 sekonden út mei in swipeslach. Hy hie wolteld ien bal rekke. Stefan lit witte it ynmiddels wer goed te meitsjen.

Freek Tichelman die mei oan it jubileummikstoernoai en oan de barbekjoe. It barbekjoën gie al wat lestich trochdat hy yn de finale fan it mikstoernoai it skouder út de kom hie, mar gelokkich der ek al gau wer yn. In priis foar syn prachtige Argentinië-1986-hand-of-god-sjurt makke in soad goed.

Halbe Willem Overal tocht in moai sjurt kocht te hawwen foar it jubileummikstoernoai, mar dit wie net te leverjen. Doe krige hy in sjurt fan Avellino út Itaalje. Earst tige wiis mei, mar doe ’t hy seach dat de klup faiiliet wie bekaam dit wat. Ynmiddels binne wy der efter dat de klup noch altiten bestiet al giet it al dreech. Sy binne yn 2009 heroprjochten en yn 2013 werom setten nei de Serie D. Ynmiddels sitte sy yn de serie C.

Pechfûgels (2)

Juster oefene SDS 1 dus tsjin Wykels-Hallum. By SDS wienen der 3 pechfûgels. Sawol Remco Hijlkema, Anco Bervoets as Frank Bervoets foelen út mei in blessure.

SDS-jubileumsjurt kwyt

Mocht ien syn SDS-jubileumsjurt kwyt wêze. Der leit ien yn de hal fan de kantine.

Fûn guod

Ofrûne snein waard nei it SDS-jubileumfeest alles wer opromme en binnen 2 oeren wie alles oan kant. Der bleaunen allinnich noch twa pear fuotbalskuon efter. Dizze wienen gelokkich ek wer gau te plak. It iene pear wie fan Matthijs Postma en it oare pear …………. fan syn bruorke Tjitse….

Harsens derby (2086)

Toet, toet!