Weppers tongersdei 8-9-2022

Foto’s jubileum SDS 75 jier
7 september 2022
Weppers freed 9-9-2022
9 september 2022

SDS 1 sil oefenje

SDS 1 oefent jûn yn  Easterein tsjin Wikels Hallum 1.  Om 20.15 oere kinne jim der bij wêze.

Kantine iepen

Lykas oars op tongersdeitejûn is de kantine jûn iepen. Enne Jehannes sil jim betsjinje. Dêrneist kinne wy genietsje fan sawol SDS 1 as Europeesk fuotbal.

SDS/Nijland JO17-1 wint

SDS/Nijland JO 17-1 is de bekerkompetysje goed begong. Tiisdeitejûn waard yn St Anneparochie de pleatselike JO17-1 mei 0-2 ferslein. It ferslach .

Op de foto

Hjir binne wij fansels tige wiis mei. In alvetalfoto oan it begjin fan it seizoen.

SDS 2 wint

Tiisdeitejûn die SDS 2 ek goeie saken yn de bekerstriid. Mei 3-1 waard wûn fan Harkema Opeinde. Sietze Stoffelsma makke in hattrick. En dat in dei foar syn 21e jierdei!

SDS-fuotbalplaatsjesaksje

Hawwe jim al SDS-fuotbalplaatsjes helle by Jumbo-Kooistra yn Wommels. By eltse €10,- oan boadskippen krije je se en by bepaalde produkten lykas no bygelyks by twa Molkwarder koeken en  trije Rivella.

De nije SDS-League

Dogge jim ek wer mei? Graach ynleverje foar kommende sneon 16.30 oere. De formulieren steane hjir op de webside en lizze ek yn de kantine.

SDS Minileague

De Minileague sil sneon ek wer los. Sy fuotbalje sneon fan 9.30-10.30 oere ûnder lieding fan Tsjipke Okkema.

Harsens derby (2085)

Lokkich hawwe wy by SDS betere flaggers!