Sneon 10-9-2022

Weppers freed 9-9-2022
9 september 2022
Weppers snein 11-9-2022
11 september 2022

De kompetysje giet wer los foar in oantal teams.

SDS 1 hat in bekerwedstriid

 

09:30 ST SDS/Nijland JO15-1 – Zeerobben JO15-2 0-5
09:30 SDS JO11-1 – Oeverzwaluwen JO11-1 2-4
10:30 SDS JO10-1 – Zeerobben JO10-3 11-0
11:15 ST SDS/Nijland JO17-1 – SJO Arum/Stormvogels ’64 JO17-1 2-2
11:15 ST SDS/Nijland JO17-2 – SJO DFC JO17-1
14:30 SDS 1 – Marrum 1 1-0
09:00 SC Bolsward JO12-3 – SDS JO12-1 6-3
09:00 SJO Arum/Stormvogels ’64 JO10-1 – SDS JO10-2
09:00 SJO Oudega/HJSC/Heeg JO8-1JM – SDS JO8-2 6-14
10:00 SJO Oudega/HJSC/Heeg JO13-1 – ST SDS/Nijland JO13-1 5-2
10:15 Zeerobben JO9-3 – SDS JO9-2
14:35 Zeerobben JO19-2 – SDS JO19-1 4-3
14:45 FVC 2 – SDS 2 3-1

SDS 1 – Marrum 1

Krekt foar tiid giet Erik Haitsma mar wer in kear mei nei foaren. Syn bal berikt Lourens van der Pol en dy skoart de 1-0. Dêrnei fluitet de skiedsrjochter ôf. SDS wint.
Sietse Stoffelsma makket yn de twadde helte syn debút. Mark hâldt it doel skjin.

SDS JO10-1

De earste kompetysjewedstriid fan SDS JO10-1 is in sukses. Se winne mar leafst mei 11-0 fan Zeerobben JO10-3.

Zeerobben JO9-3 – SDS JO9-2

Wat hebben de leiders vandaag een mooi ‘Sterk Door Samenspel’ gezien bij JO9-2!
Er wordt steeds beter overgespeeld en samengewerkt op het veld wat vandaag resulteerde in mooie doelpunten van Melle! De achterhoede weet goed zijn plek te bewaken, op het middenveld conditioneel sterke mannen! En in de spits een mix van sterke dames en heren!💪
(en ‘last but not least’, niemand die meer op wissel wil😉).
Helaas 3-6 verloren, maar ze mogen trots zijn op zichzelf na wat ze hebben laten zien vandaag!!!
Eén team, samen sterk!💪Het was een mooie voetbalochtend!
Sportieve groeten van de leiders, Gerrit, Hendrik en Margriet

Efkes Balje

De Boere PC wie freed op de Skoalleseize.
Keatse dus.
Mei dy sport op de eftergrûn (de neisit) begint it.
Matige dielname nei in PC is ek hjir oan de oarder.
Mei twa partoeren kin it krekt los. Dat iene partoer hat sels ien oer om it wat posityf te benaderjen.

Mei twa debutanten op it Efkes Baljen Bol is der noch wol hoop. Auke Eringa en Johan Hiemstra hawwe lekker balle op it jubileumtoernoai en wolle dêr in ferfolch oan jaan.
Der is ek hoop foar it miljieu. Ferrie en Harrie komme foar it earst op de fyts út Itens en Hinnaard.

Trije kertier lekker bezich, sizze wij nei ôfrin. It kwartet hat it fizyr net goed stean. It partoer wint. Twa kear sels.
Oare wike wer. Mei in stik as 10?

Partoer: Klaas, Ferrie, Harrie
Kwartet: Auke, Johan, Frank en Aant