Weppers freed 9-8

Starttoernooi jeugd
7 augustus 2013
Weppers moandei 12-8
12 augustus 2013

Efkes Balje
Der is gjin waarkoade ôfjûn foar hjoed dus kin it Efkes Baljen wer trochgean. Jûn om 19.30 oere op it sportfjild yn Wommels.

Freulekeatsers
Der wiene SDS-ers yn it Freulepartoer fan Wommels, Easterein en Itens. Alle trije doarpen rekken der ôf yn de twadde omloop

Training C
Fanôf in stoel op it strân earne yn Turkije lit Pieter de Boer ús witte dat C1 op tissdei en tongersdei fan 18.00 oant 19.00 oere traine. It begjin is op tongersdei 23 augustus.

Training A
Fanôf de bank foar syn hûs yn it sintsje lit Boudewijn Kramer ús witte dat A1 nije wike tiisdei 13 augustus om 19.00 oere begjint te trainen

Oare trainingen
Der is ús noch neat bekend oer trainingstiden fan de oare teams, mar wij meie oannimme dat it net lang mear duorret.

E en F yndielingen
Noch altyd is net bekend yn hokker kompetysje de E en F pupillen spylje. DE KNVB hâldt dêrfoar earst noch yndielingsjûnen en foar SDS sil dy wêze op moandei 19 augustus. Bestjoersleden kinne dan eventuele winsken yntsjinje en kontroleare at de foarloapige yndielingen der wat op lykje.

Pynlike fergissing
Wij waarden oansprutsen op in tige pynlike fergissing yn ien fan ús weppers fan tiisdei. Bij dizze sette wij dat rjocht. Hester Kingma komt net út Wommels (dat soe se fansels wol wolle) mar út Easterein.

Nij lid
Bij de froulju is noch in nij lid bijkommen: Gerry-Edou Mollema. Wij binne der net alhiel wis fan mar wij tinke dat se net út Wommels komt.

Harsens derby(1088)
Foar harren sûnens is it better dan sommige trainers harren wat rêstich hâlde: