Weppers freed 9-6-2017

Foarljochting VTON
7 juni 2017
Weppers sneon 10-6
10 juni 2017

Stefan van Krimpen nije trainer SDS Vr.1

Nei ferskeidene gesprekken mei mooglike nije trainers foar SDS Vr.1 foar folgend seizoen is de kar úteinlik fallen op Stefan van Krimpen. Stefan fuotballet al jierren by SDS en hat oanjûn nei dit seizoen te stopjen as fuotballer. Mei al syn erfaring as fuotballer, útstrieling, positive ynstelling en ambysje liket hy de ideale trainer foar Vr.1. Wy winskje Stefan in soad súkses!

Diploma


Neist de foarljochting oer de VTON wie der woansdeitejûn ek útrikking fan de diploma’s KNVB basiscursus jeugd trainer-koach foar mear as twa hannen fol SDS-ers. Moai dat mar leafst 14 jonges, famkes en wat âlderen harren bekwame wûne yn dizze basissfeardichheden. Stevin Vellinga wie helaas net oanwêzich mar it papierke hat hij ûnderwilens fêst al krigen.

Traine

VR 2 hat der noch net genôch fan dit seizoen. Ek woansdeitejûn wiene se wer drok dwaande ûnder lieding fan Paul Walstra.

Noch wat foto’s.


Ferline wike wie der in tige slagge slottoernooi. Hjir en dêr hawwe wij noch wat aksjefoto’s lizzen dy’t noch plak krije kinne,

Midsimmertoernoai

Sneon giet it yn Dronryp wer om de Midsimmercup. SDS sit net bij de 36 heareteams en ek net bij de 16 frouljuteams. De list kinne jim hjir fine.

Lêste wedstriden

Sneon binne de lêste wedstriden yn de neikompetysje. Ek wurdt dan dúdlik wa’t tredde klasser bliuwt of twadde klasser wurdt tusken Berlikum en Grootegast.

Lokwinske!

Jelmer Posthumus wie juster jierdei! Noch fan herte lokwinske!

Harsens derby (1899)

Tikkie werom, Jaap