Weppers freed 8-3-2024

SDS-FIFA-toernoai op freed 15 maart
7 maart 2024
Sneon 9-3-2024
8 maart 2024

Balk 1 – SDS 1

Boarne; VoetbalNederland

Doelpunten yn it ferline en oerwinningen yn it  ferline helle, biede gjin garânsje foar de útslach fan no.
De lêste útwedstriid tsjin Balk 1 wiene wij allang fergetten.
Sneon nije kânsen. It begjint yn Balk 14.45 oere
De seleksje:
1 Jaap
2 Luuk
3 Matthijs
4 Jelte-Pieter
5 Gerbrand
6 Robin
7 Kevin
8 Wierd
9 Stan
10 Peter
11 Lourens
12 Gerwin
13 Sietze
14 Niels
15 Ate
16 Mark

Memorabel

By Balk 1 – SDS 1 moatte wy faak tinke oan ien fan de meast memorable wedstriden fan SDS 1. Dit giet oer Balk 1 – SDS 1 út it seizoen 1996-1997. Doe’t Balk noch gewoan yn it doarp sels balle. Ynmiddels al hast 30 jier lyn.

SDS 2 – The Knickerbockers 4

Om 14.30 oere fuotballet SDS 2 in thúswedstriid tsjin Knickerbockers 4.  It is de nûmer lêst tsjin de nûmer 8 fan de ranglist. It kin dus alle kanten op. De manlju fan SDS 2 wurde om 13.30 oere yn de boks ferwachte. Hooplik is trainer Samir wer wat bekommen fan syn itensfergiftiging.
De seleksje:
1 Lieuwe
2 Tom
3 Bauke
4 Eeltsje
5 Tim
6 Tjitse
7 Gjelt
8 Anne
9 Wiltsje
10 Jurjen
11 Wessel S
12 Redmer
13 Wout
14 Jelmer B.

The Knickerbockers der op út

It kin wêze dat The Knickerbockers sneon in pear spilers misse:

vv Nijland 3 – SDS 4

Om 14.00 oere yn Nijlân de streekderby vv Nijland 3 – SDS 4.  SDS 4 stiet iets heger yn de ranglst mar dat seit yn in streekderby net alles.
Dizze seleksje wurdt om 13.15 oere yn Easterein ferwachte: Jelte, Jildert H, Sije, Jochem, Niels J, Dennis, Frank, Jan-Simon, Klaas, Mark, Robert, Ronny, Tjeerd en Willem.
Daan flagget.

SDS/Nijland JO17-1 – ONT JO 17-1.

Om 10 oere yn Nijlân de takomst fan SDS en vv Nijland yn de haadklasse.

Footbartracker

Wij binne benije at er binnen at er binne SDS al gebrûk makke wurdt fan de Footbartracker. Miskien soe SDS 4 in moai proefteam wêze.

Harsens derby (2233)

Daan moat moarn de helm mar op……..